Akteur Fabian Jansen spilet solofoarstelling fan 168 oeren yn De Harmonie

18 apr 2020 - 11:26

Akteur Fabian Jansen sil snein úteinsette mei in online foarstelling fan 168 oeren. De solofoarstelling is yn De Harmonie yn Ljouwert en hjit 'Els, eenzaamheid in quarantainetijd'. De foarstelling is online yntegraal te folgjen.

Minsken kinne Fabian Jansen as Els 7 dagen lang, 24 oeren deis folgje fia in livestream op www.elsblijftthuis.nl. Op Instagram en Facebook kinne je berjochtsjes stjoere of fragen stelle. En der is in chat mooglik mei de redaksje.

Jansen, bekend fan ûnder oare de programma's De Vloer Op en Missie Aarde: "Je krijgt bijna alles te zien. Je kunt met Els naar bed. Namelijk: Els slaapt, dat kun je kijken. Je kunt je tablet op het hoofdkussen naast je neerleggen, zodat je met Els kunt gaan slapen. Het toiletbezoek en de douche, die zullen we niet zien."

Orizjineel idee

It stik giet oer hoe't Els de iensumens bestriidt. "Ze bedenkt allerlei dingen om daarmee ook de eenzaamheid van anderen online te bestrijden", leit Jansen út. 168 oeren spylje is nij foar him. "Als acteur heb ik nog nooit zoiets gedaan. Door corona viel mijn werk weg, maar ik wilde niet thuis zitten. Toen heb ik de Harmonie opgebeld. Dit gebouw staat leeg, ik zit thuis. Ik kan best in mijn eentje iets gaan doen online. Dat vonden ze een origineel idee", sa seit Jansen.

De foarstelling 'Els, eenzaamheid in quarantainetijd' is fan snein 19 oant en mei 26 april en begjint om 19.00 oere.

(advertinsje)
(advertinsje)