'Problemen fan kwetsbere jongerein wurde útfergrutte troch coronakrisis'
Jongerein yn drege situaasjes en efterstânsgesinnen hawwe it yn dizze perioade noch dreger. Se misse harren struktuer, sitte thús en krije minder begelieding. Dat kin noch lang gefolgen hawwe. Dat seit ûntwikkelingpsycholooch Gerrit Breeuwsma. Hy is ferbûn oan de Universiteit fan Grins en spesjalisearre yn kwetsbere jongerein.
Jeugd dy't no bûten byld rekket fan skoalle reitsje op noch gruttere efterstân as dat se al wienen, seit Breeuwsma. Der binne op dit stuit 5.000 bern yn Nederlân wêr't gjin kontakt mei te krijen is.
Skoallen iepen foar kwetsberen
Breeuwsma fynt dat skoallen just foar dizze groep sa gau as mooglik wer iepen moatte. Oars wurde de problemen allinnich mar grutter. Dizze bern komme nei in gewoane simmerfakânsje faak al mei efterstân werom, omdat se yn in drege thússituaasje sitte. No binne se noch folle langer fuort en se krije faak de online lessen net mei. De problemen dy't der al wiene wurde troch de coronakrisis fierder útfergrutte, seit de ûntwikkelingspsycholooch.
Dat sil aanst ekstra oandacht freegje fan de oerheid en soarchferliening. En dêr kin it neffens Breeuwsma noch wolris mear wringe aanst. De coronakrisis soarget nammentlik ek foar in ekonomyske krisis en dat betsjut dat der karren makke wurde moatte oer finânsjes. Wêr giet it jild fan de oerheid wol en net hinne?
It sosjaal domein en benammen de jeugdsoarch stienen foar de krisis al ûnder druk. Dat wurdt noch grutter en dan is der miskien ek noch minder jild te besteegjen foar de soarch. Dat mei ek nochris mear probleemgefallen, omdat der mear minsken yn finansjele en dêrmei sosjale problemen komme. Dat freget yn de takomst in grutte ynspanning.
Minder studinten
Breeuwsma is ek tige benijd hoe't aanst it tal studinten wêze sil op de universiteit. Neffens him sille der in stik minder bûtenlânske studinten komme. De Grinzer universiteit hat sa'n 300 ynternasjonale studinten. Dat kin wolris de helte wurde omdat dizze studinten derfoar kieze yn eigen lân te bliuwen om ferskate redenen. Bygelyks dat se net safier mear fan harren femylje wenje wolle yn dizze ûnwisse tiid.
Mar de kloof tusken en earm en ryk sil ek grutter wurde. It soe samar kinne dat jongeren út minder rike gesinnen, dy't ek nochris gjin wurk mear hawwe om de stúdzje te beteljen, ôfheakje en net yn de kolleezjebanken komme yn septimber. Breeuswma fynt dat universiteiten en de oerheid alle war dwaan moatte om dat foar te kommen en te soargjen dat ek jongeren dy't minder jild hawwe dochs studearje kinne.