Oplevering nije brânwachtkazerne Harns

De nije brânwachtkazerne fan Harns njonken de ovatonde by de Almenumerwei is klear. Neffens de brânwacht is dizze nije lokaasje tige geskikt om gau út te riden.
Krekt wat mear as in jier lyn hawwe boargemaster Roel Sluiter en Wim Kleinhuis as direkteur fan de Veiligheidsregio Fryslân foar de oerdracht fan de grûn tekene. Yn juny koe de earste peal de grûn yn.
De nije kazerne is duorsum en sirkulêr boud, it brûkt gjin gas en just wol elektrisiteit. It pân is ûntwurpen troch JOUS Architecten fan De Jouwer en is boud troch Bouwbedrijf Jelle Bruinsma en Mensonides Installatie.