Unbekenden brekke oarlochsbunkers op Skiermûntseach iepen

De ôfrûne dagen binne op Skiermûntseach bunkers iepenbrutsen. Dat meldt de plysje op it eilân. It is dúdlik dat der minsken yn de iepenbrutsen bunkers west ha. Neffens de plysje is it gefaarlik om yn de ôfsletten bunkers te kommen. Der soe ynstoartingsgefaar wêze en de hichteferskillen yn de bunker binne yn it tsjuster dreech yn te skatten.
Bunker op Skiermûntseach © Plysje
Boargemaster Ineke van Gent warskôget de dieders op Twitter. "Niet meer doen, het is gevaarlijk en verboden", skriuwt se op it sosjale medium.

Kistke

Neffens RTV Noord is in kistke dat sûnt 1997 yn ien fan de bunkers lei troch de ûnbekenden kapotmakke en foar de bunker efterlitten.
It kistke wie dêr foar de grap efterlitten troch fjouwer eilanners dy't yn opdracht fan de gemeente de bunkers tichtmakke hienen. Der siet drank, in sigaar en in briefke yn foar it gefal de bunker ea wer iepene wurde soe. Op it briefke soe 'proost' stien ha.