Robbie beseach de wrâld troch in luchtroaster

18 apr 2020 - 21:20

Hy beseach de wrald fan in ôfstan, troch it rút of troch it luchtroaster fan de krûpromte. By 'pappe en moeke' Bronger yn Ljouwert brocht David Sealtiel de oarloch troch. In ferhaal yn de searje De terugkeer van de Joodse kinderen.

Troch Marja Boonstra en Karen Bies

David Sealtiel yn Israël - Foto: Famyljefoto

David Sealtiel is yn maart 80 jier wurden, hy wennet no yn Israel. Yn 1942 wurdt hy as 2-jierrich jonkje yn in koffer fan de Hollandse Schouwburg út slûke. Syn heit is dan al nei kamp Westerbork. Syn mem is yn ferwachting, sy mei de befalling ôfwachtsje. De lytse David (of Robbie, sa't er dan al neamd wurdt, want David klinkt te Joadsk) wurdt yn it geheim mei de boat fan Amsterdam nei De Lemmer brocht en krijt ûnderdak by de famylje Bronger yn de Gysbert Japicxstrjitte yn Ljouwert.

Lykele en Trijntje Bronger binne al op jierren en hawwe gruttere bern. Se fertelle de bûtenwrâld dat Robbie harren bernsbern is, hoewol't hy der hiel oars útsjocht mei syn donkere eagen en swarte hier. As der Dútsers yn de buert binne, moat Robbie nei in skûlplak ûnder de flier.

It pear Bronger - Foto: Famyljefoto

De Gysbert Japicxstrjitte wie in drokke strjitte, fanwege it suvelfabryk oan de iene kant, de finzenis De Blokhuispoort oan de oare kant en de spoarline nei Grins. De Dútsers wiene dêr faak. David Sealtiel: "In de kamer lag een kleed met een tafel en stoelen er op. Eronder zat een luikje in de vloer. Als het te gevaarlijk werd, schoven ze de boel aan de kant, deden ze het luik open en stopten ze mij onder de vloer. Het luik ging dicht, het kleed er overheen. Zo zat ik daar soms uren. Door het rooster kon ik op straat kijken. Tegenover ons huis was een blinde muur, waar de Duitsers mensen bij elkaar dreven en onder schot hielden."

David Sealtiel, de lytse Robbie - Foto: Famyljefoto

It wie foar it lytse jonkje Robbie tige eangstich, dêr ûnder de flier. David Sealtiel: "Normaal gaat een kind huilen of jengelen, als het hem niet naar de zin gaat of hij iets wil. Maar hoe klein ik ook was, je wordt snel groot in zo'n situatie. Onbewust weet je dat je je kind-zijn achter je moet laten. Er dreigt gevaar. Je begrijpt dat je niet moet schreeuwen of huilen."

It lûk yn de flier - Foto: Famyljefoto
(advertinsje)
(advertinsje)