Ek smook- en stookferbod op Flylân fanwege drûchte

18 apr 2020 - 10:21

Ek op Flylân jildt fan sneon ôf in smook- en stookferbod fanwege de drûchte. Dy ferbodden jilde foar de bosk en dunen fan it eilân. De gemeente hat bekendmakke dat it ferbod foarearst net foar in bepaalde tiid ôfsprutsen is.

Foto: Shutterstock.com (Mariadouwma)

Freed waard ek al bekend dat de gemeente Skiermûntseach in smook- en stookferbod ôfkundige. Ek iepen fjoer, lykas in barbecue of in kampfjoer, is ferbean. As it waar wat minder drûch wurdt, lûkt dizze gemeente it ferbod yn. Dit moat yn oerlis barre mei de Veiligheidsregio Fryslân. Earder hat ek Skylge al in ferbod opset.

Yn guon gemeenten op it Fryske fêstelân jildt ek al in smookferbod yn natuergebieten.

(advertinsje)
(advertinsje)