Kafee yn Ljouwert gewoan iepen: boete fan mear as 4.000 euro

18 apr 2020 - 10:01

De eigener fan in kafee yn de gemeente Ljouwert dat gewoan iepen wie, is freedtejûn op de bon slingere. Dat meldt de hoareka-plysje op Twitter. Yn ferbân mei de privacy-wetjouwing makket de plysje net bekend om hokker kafee it giet.

bier - Foto: net bekend

De plysje hie in tip binnen krigen dat in kafee yn de gemeente Ljouwert gewoan iepen wêze soe. Doe't de plysje dat kontrolearre, die bliken dat dat yndie it gefal wie. De eigener fan it kafee krige in boete fan 4.350 euro. De minsken dy't oanwêzich wiene hawwe net in boete krigen, om't de ûndernimmer ferantwurdelik is, sa seit de plysje.

Troch de mesken strûpe

Corné van de Erve is de foarsitter fan de Fryske ôfdieling fan Koninklijke Horeca Nederland. Syn boadskip foar kafees is dúdlik: doch soks net. "De volksgezondheid moet gewaarborgd worden en we zijn gesloten op last van de overheid, daar zullen we ons aan moeten houden. Natuurlijk zoeken sommige ondernemers de mazen in de wet op en maken ze zelf beslissingen, dat is des ondernemers. Maar we moeten ons wel aan de wet- en regelgeving houden."

De situaasje yn Ljouwert kin hy net. "Ik ken de ondernemer niet, dus daar kan ik verder niets over zeggen. Sommigen zullen misschien het risico nemen. Ik hoor geen geluiden van onze leden dat er meer zijn. Wel dat men gesloten is en hulp nodig heeft."

Corné van de Erve, foarsitter fan Koninklijke Horeca Nederland (ôfdieling Friesland)

(advertinsje)
(advertinsje)