Gemeente Hearrenfean wol griener en takomstbestindich wurde

18 apr 2020 - 09:48

De gemeente Hearrenfean wol griener wurde, it bioferskaat grutter meitsje en de iepenbiere romte klear meitsje de takomst. Dat moat allegear barre yn gearwurking mei de ynwenners en ûndernimmers fan de gemeente. "Ik denk dat er over drie jaar grote stappen zijn gezet om Heerenveen groener te maken", sa seit wethâlder Hans Broekhuizen fan de gemeente Hearrenfean.

Wethâlder Hans Broekhuizen - Foto: Gemeente Heerenveen

De gemeente hat sa'n tsien projekten betocht om de gemeente griener te meitsjen, bygelyks it mooglik meitsjen fan geveltúnkes, it oergean op biologysk bermbehear, it 'fergrienen' fan it sintrum en de bedriuweterreinen en it soargjen foar genôch nêstkastkes.

Meitinke

Neist dizze projekten wurde ek bewenners, ûndernimmers, organisaasjes en skoallen frege om mei te tinken oer de 'fergriening' fan de gemeente. "Er zijn al heel veel mooie ideeën. We proberen altijd vooral samen te brengen en ook te ondersteunen. We hebben er zelf vaak ook wat aan", seit Broekhuizen.

"Een mooi initiatief is bijvoorbeeld van de vogelwachten. Die hebben 500 nestkastjes opgehangen voor koolmezen. Daar werken wij hand in hand aan mee, want die koolmezen eten de eikenprocessierups. Die zijn wij juist zo hard aan het bestrijden. Dus we kunnen daar ook gewoon heel veel samen optrekken", seit de wethâlder.

Coronatiid

Troch de coronamaatregels is it no fansels dreech om guon projekten te starten. "De uitvoering hiervan gaat ook de komende drie jaar plaatsvinden, dat hoeft niet allemaal de komende weken. Er komt straks ongetwijfeld een periode waarin we weer meer van dit soort dingen actief kunnen doen en het ook met de mensen ter plekke kunnen bespreken. Voor nu is het mooi op papier en daar gaan we straks handen en voeten aan geven", sa seit Broekhuizen.

Wethâlder Broekhuizen fan de gemeente Hearrenfean

(advertinsje)
(advertinsje)