Omrop TIP: diel 1 fan 'Underdûkt yn Fryslân'

18 apr 2020 - 09:41

Yn de Twadde Wrâldoarloch fûnen tûzenen ûnderdûkers by Fryske famyljes in feilich hinnekommen: Joaden, alliearde piloaten, fersetsminsken en manlju dy't wegeren om te wurkjen foar de Dútsers. Der ûntstie yn Fryslân in grut yllegaal netwurk foar help oan ûnderdûkers. Fryslân DOK presintearret op 'e nij de searje 'Underdûkt yn Fryslân'. Sneon diel 1.

Benammen yn de doarpen waarden in soad ûnderdûkers ûnderbrocht. Hast eltsenien wist wol wêr't se sieten; it wie in geheim dat dield waard. Diel 1 fan 'Underdûkt yn Fryslân' giet oer de smokkelrûten fan Joadske bern fan Amsterdam nei Fryslân. Ien fan dy bern wie Lea Tropp. Sy kaam as famke by in bakkersfamylje yn Abbegea telâne. Mei har ûnderdûksuskes Klaske en Annie fertelt sy oer dy tiid. Op ûndersteande foto hâldt Lea de earm fan har pleechmem fêst.

Lea Tropp by har famylje yn Abbegea - Foto: Famyljefoto

It trijelûk 'Underdûkt yn Fryslân' is yn 2017 makke troch Gerard van der Veer, yn gearwurking mei Tresoar en Omrop Fryslân.

Diel 1:
Sneon 18 april, 15.30 oere, NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling, werhelling 19 april 13.10 oere).
Snein 19 april, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren).

(advertinsje)
(advertinsje)