Goed waar foar Nasjonale Bijetelling: Omrin hopet op in soad dielnimmers

De measte aktiviteiten geane net troch, mar der is ien dy't sneon en snein wol is: de Nasjonale Bijetelling. It foarútsjoch fan it waar is prima, dus minsken dy't net mear yn de hûs sitte wolle en in frisse noas helje wolle, kinne gewoan yn 'e tún of op it balkon helpe mei it tellen.
Sjoch hjir hoe't de suskes Marjet, Janiek en Amber yn harren achtertún de bijetelling dogge:
Goed waar foar Nasjonale Bijetelling
"Wy hawwe in oprop dien om mei te dwaan oan de nasjonale bijetelling. De earste 50 dielnimmers krije in bijepakket. Dat moasten wy al gau opskroeve nei 200. Yn it bijepakket sit blommesied, sinneblomsied, in bijetelgids en -formulier. Alles wat der nedich is," seit Jan Bergsma fan Omrin.
© Omrop Fryslân
Omrin is sûnt 2019 oansletten by it 'Bijenpact' fan Silence of the Bees. De organisaasje stipet de bijetelling en hat ek in fotowedstriid útstean foar de telling.

Telle tusken 11.00 en 16.00 oere

Bergsma leit út wannear't minsken it bêste telle kinne: "As de sinne aardich fûl is, dat is it bêste. Dus tusken 11.00 en 16.00 oere. In healoere is genôch om sicht te krijen op it tal bijen yn de tún of op it balkon. Minsken kinne in bijetelgids brûke. It is somtiden dreech, mar it is in kwestje fan goed sjen."

Bijesoarten bedrige

Ofrûne jier binne der yn Nederlân 54.000 bijen teld. De telling wurdt organisearre om't de helte fan de hast 360 bijesoarten yn it lân bedrige wurdt, wylst in soad gewaaksen ôfhinklik binne fan de dierkes. Naturalis hopet as ien fan de organisearjende partijen dat der in soad minsken meidogge, no't de measten dochs oan hûs bûn binne troch de coronakrisis.
© Shutterstock.com (Exploreworld)
Jan Bergsma fan Omrin
Wolle jo meidwaan oan de bijetelling sneon of snein? Dan kinne jo by Nederland Zoemt mear ynformaasje fine, en ek in telformulier en -gids.