Jeugdhulp Friesland: "De zorg wordt niet minder, maar wel anders."

18 apr 2020 - 08:27

De jongereinsoarch giet nettsjinsteande de coronakrisis gewoan folslein troch. Dat seit direkteur behannelsaken Janneke Majoor fan Jeugdhulp Friesland. Dêr wêr't je sjogge dat der problemen binne by bygelyks ferpleechhuzen, dêr hawwe se by de jongereinsoarch net sokke problemen. Alden kinne harren bern sjen en de soarch leveret net yn oan kwaliteit.

In soad wurdt oplost mei fideobeljen. Sa sjogge wy mei by in sessy fan Wytse en Saskia, dy't holpen wurde troch terapeut Mirjam Nederhoed. Fia in fideoferbining lizze se kontakt. "Fansels misse je wol de persoanlike kontakten, mar eins wurket dit ek prima", sa seit Nederhoed. "Yn it begjin wie it efkes wenne, wy moasten de souderkeamer efkes op 'e nij yndiele, mar fierder wurket it goed."

Har kliïnten kinne dat befêstigje. Wytse: "It went hiel gau, it is al hiel gau gewoan." Syn frou dielt dy miening. "Al mis ik somtiden wol efkes it persoanlike kontakt. En dat momint dat je nei har kantoar ride en it mei-inoar der earst efkes oer hawwe." Neffens de terapeut, spesjalisearre yn PMTO, in wurkwize dy't oerkaam is út Amearika, wurket it fideobeljen ek goed. "Wy witte dat se yn Kanada dit al folle faker dogge en dat wy ek leare, dat it mooglik is om op dizze wize troch te gean. It missen fan it fysike kontakt falt dus ta."

Jongereinsoarch leveret net yn oan kwaliteit

"We doen er alles aan om ervoor te zorgen dat de zorg doorgaat," sa seit Janneke Majoor, direkteur behannelsaken fan Jeugdhulp Friesland. "In eerste instantie kijken we: Kunnen we rekening houden met de corona-maatregelen? Lukt dat niet, dan gaan we gewoon naar gezinnen toe, komen kinderen gewoon bij ons op de groep of naar een gezinshuis. Het gebeurt niet dat bijvoorbeeld ouders hun kinderen niet kunnen zien."

Sa is de situaasje yn de jongereinsoarch dochs oars as by bygelyks ferpleechhuzen foar âlderen, wêr't bern harren âlders net sjen kinne. "We nemen natuurlijk de maatregelen in acht. Het is constant balanceren. Als we zien dat een kind er zo onder leidt, dan proberen we toch zo creatief mogelijk te zijn. Even in de buitenlucht. Alles op maat. Het is niet zo dat we steeds zeggen: Kom maar binnen. Ook in deze is het zo: De kinderen worden maar één keer oud. Ze worden maar één keer groot, er is maar één keer de kans voor dat ze zich ontwikkelen tot een volwassene en dat is nu. Corona of geen corona. En dus moeten we alles op alles zetten ze te helpen."

Terapeut Mirjam Nederhoed

By Jeugdhulp Friesland wurkje 670 meiwurkers mei 600 pleechhúshâldingen. Sa helpe se dik 2.800 húshâldingen. Jeugdhulp helpt jongerein en húshâldingen, mar fangt ek jongerein op yn pleechhúshâldingen, wengroepen en húshâldinghuzen. Yn de lokaasje Woodbrookers yn Koartehimmen sitte sa'n 50 bern dy't op de sletten ôfdieling fia de bernerjochter binnenkomme. Op de iepen ôfdieling sitte bern dy't der frijwillich nei ta gean.

(advertinsje)
(advertinsje)