Kollum: It Fryske wrâldsje

18 apr 2020 - 08:19

"Der wie wer ris wat oan de hân yn it Fryske literêre wrâldsje. Foar in soad harkers en sjoggers fan de Omrop is grif net hielendal helder wat dat Fryske wrâldsje is, dus sil ik it even útlizze. Der binne in oantal, foar it meast Frysktalige tydskriften. Soms fynt in einredakteur it wer ris tiid om de needklok te lieden oer it skreaune Frysk. Soks is net nij, mar werhellet him in mei iennige regelmjittichheid.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Ferdinand de Jong

Dizze kear wie Piter Boersma fan literêr blêd Ensafh oan bar. Hy skreau dat it min giet mei de oanwaaks fan nije, jonge Fryske skriuwers. Dat wie in jier as tsien lyn net oars. Dan folget yn it saneamde Fryske wrâldsje in aardich fêstlizzend patroan. Abe de Vries skriuwt op syn weblog in prachtich ferhaal oer it stik fan Boersma. Dat ferhaal fan Abe giet, as je it werom lêze, foaral oer Abe de Vries sels en oer Fers2, it literêre bern fan Friduwih Riemersma en, dêr is er wer, Abe de Vries. Hy neamd de ynhâld fan dat oare Fryske tydskrift, De Moanne, ynstitúsjonele ûnsin, de bydragen fan Nyk de Vries kuchjes. Nyk is op dit stuit Dichter fan Fryslân. No ja, sa sawat.

Oer dat stik fan Abe wurdt op Facebook in reaksje setten. Dêr wurdt troch in pear djipFryske folhâlders op reagearre. De kâns is grut dat Elske Schotanus seit dat Hilda Talsma of Ferdinand de Jong eins it kadoboek skriuwe moatte. Yntusken stiet GrienLinks-swiergewicht Willem Verf al mei it skom op de bek yn de startblokken en biedt himsels oan om der, ûnder syn lieding, in rige gearkomsten oer te belizzen. Boppedat is hy ree om yn ien of meardere kommisjes sitting te nimmen dy't yngreven ûndersyk op de matearje loslitte sille foar meardere jierren.

By al dy earder neamde iepenbiere gearkomsten is reisferhaalskriuwer Douwe Kootstra oanwêzich, dy't yn in synyske sprutsen kollum syn fernuvering útsprekt oer dat hy wer itselde espeltsje folk foar him yn de seal sitten sjocht. Yntusken hat Arjen Hut der grif in moai gedicht oer skreaun, giet it lêbjen op it online reaksjekanaal fan Ensafh algeduerigen troch, dat alles yn it prachtichste skreaune Frysk dat je ea sjoen ha.

Mei ynmoed en tige fakkundich byinoar garre troch de roddelbaas fan Fryslân, Cornelis van der Wal, dy't der op syn eigen webstek Wegmetderandstad ek noch fjouwer messkerpe rigels oan smoarch makket. As klap op de fjoerpylk komt Pieter de Groot in wike letter mei in analyze yn syn wyklikse LC-rubryk Harje. Harje, it skerp meitsjen fan in seine, in wurkje dat krekt sa âld en út de tiid is as it lêzen fan Fryske boeken, sa sil de teneur wêze. En dat we dochs de kop derfoar hâlde moatte. Miskien stippet er it projekt Lân fan Taal ek noch efkes oan. En alles Iepen Up fansels. Och, earme Amarins Geveke, witst wol wêr ast ynstapst?

Dit is yn haadlinen it Fryske wrâldsje. Net echt in útnoegjend fermidden om as jonge Fryske skriuwer yn te stappen. Immen dy't him foar it grutste part oan dizze treurnis ûntlûkt is Hylke Speerstra, dy't allinnich goed is foar de ferkeap fan likefolle boeken as al syn kollega's byinoar. Mar Hylke freegje se net, want dy is 80+ en te kommersjeel.

De earste kear dat ik Hylke ynhâldlik op de saak yngean sjoen haw, wie jierren lyn by de Omrop. Hy krige de fraach wat no de oplossing foar de delgong fan de oplagen oan Fryske boeken wie. Syn antwurd: 'Jo moatte gewoan goede boeken skriuwe, dan komt de rest fansels.' Dat wie sa'n algemiene snútslach foar it Fryske wrâldsje dat nimmen him ea wer wat frege hat."

(advertinsje)
(advertinsje)