Liveblog | 18 april 2020

Coronanijs sneon 18 april: Tal coronapasjinten op Fryske intensive cares stabyl

Yn dit liveblog melde wy it lêste nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 18 april 2020, 22:45
sneon 18 april 2020
22:30

Ein fan dit liveblog

Wy binne oan de ein kaam fan dit liveblog fan sneon 18 april oer it coronafirus. Elkenien tank foar it folgjen! Moarn ha we in nij liveblog op www.omropfryslân.nl en de Omrop-app. Dit wie it wichtichste nijs fan dizze freed:
20:07

'Dosinten hawwe harren fakânsje fertsjinne'

De simmerfakânsje kin brûkt wurde om learlingen mei in grutte efterstân te stypjen. De fakânsje moat net ynkoarte wurde om lessen yn te heljen dy't learlingen no misse fanwegen it coronafirus. Dat seit Paul Rösenmoller, foarsitter fan de VO-raad dy't skoalbestjoeren yn it fuortset ûnderwiis fertsjinwurdiget, sneontejûn yn it telefyzjeprogramma Kassa.
"De situatie van nu was twee maanden geleden nog totaal ondenkbaar. Leraren leveren nu een gigantische prestatie. Ze zijn in staat geweest om binnen korte tijd onderwijs op afstand te organiseren", seit Rosenmöller. "De werkdruk in het onderwijs was al hoog en wordt nu nog hoger. Leraren hebben die vakantie straks echt verdiend."
17:51

Tal coronapasjinten op Fryske intensive cares stabyl

Der lizze op dit stuit noch 20 pasjinten op de Fryske intensive cares. Dat binne der likefolle as yn de sifers fan freed, doe't der ek 20 minsken op de Fryske IC's leine.
Der binne noch 40 pasjinten dy't bûten de IC's yn it sikehûs lizze. Dat is der 1 minder as freed. It giet om minsken dy't posityf test binne op it coronafirus, of dy't it firus nei alle gedachten hawwe.
16:54

Ek meidwaan mei Fryslân fan Boppen? Sjoch de rûten fan takom wike

Twa wiken lang fleane op wurkdagen drones boppe de provinsje om Friezen in hert ûnder de riem te stekken yn dizze tiden. It projekt Fryslân fan boppen is betocht troch de Fryske boargemasters en LF2028. Omrop Fryslân en de Leeuwarder Courant stjoere de bylden út. Besjoch hjir de fleanrûten fan takom wike.
Let op, de plysje freget om ek by tariedingen op Fryslân fan Boppen de oardel meter en oare rjochtlinen fan it RIVM goed yn 'e gaten te hâlden!
16:42

Maatregels foar jongerein moat 'versoepeld worden'

Nei 28 april moatte de coronamaatregels fan it regear foar jongeren 'versoepeld worden'. Dat seit Hubert Bruls, foarsitter fan it Veiligheidsberaad, by de NPO. Neffens Bruls wurdt it foar jongerein hieltyd dreger om harren oan de regels te hâlden. "Je kan niet verwachten dat jongeren niet naar school gaan én niet naar de sportclub én niet naar concerten", sa seit Bruls. "Kijk om je heen, jongeren willen graag naar buiten."
15:16

Shorttracker Rianne de Vries sil moarn de Amstel Gold Race ride