Coronanijs sneon 18 april: Tal coronapasjinten op Fryske intensive cares stabyl

18 apr 2020 - 22:35

Yn dit liveblog melde wy it lêste nijs oer it coronafirus.

  • Yn Fryslân binne der yn totaal 42 minsken ferstoarn oan it coronafirus, en 438 minsken binne posityf test.
  • Der lizze 20 coronapasjinten op de Fryske intensive cares en 40 op oare ôfdielingen yn de Fryske sikehûzen.
  • Ferskate boargemasters fan grutte stêden wolle in ferbod op eveneminten oant 1 septimber of 1 oktober. Buma fan Ljouwert fynt dy oprop 'bysûnder'.
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

22:30
Ein fan dit liveblog

Wy binne oan de ein kaam fan dit liveblog fan sneon 18 april oer it coronafirus. Elkenien tank foar it folgjen! Moarn ha we in nij liveblog op www.omropfryslân.nl en de Omrop-app. Dit wie it wichtichste nijs fan dizze freed:

20:07
'Dosinten hawwe harren fakânsje fertsjinne'

De simmerfakânsje kin brûkt wurde om learlingen mei in grutte efterstân te stypjen. De fakânsje moat net ynkoarte wurde om lessen yn te heljen dy't learlingen no misse fanwegen it coronafirus. Dat seit Paul Rösenmoller, foarsitter fan de VO-raad dy't skoalbestjoeren yn it fuortset ûnderwiis fertsjinwurdiget, sneontejûn yn it telefyzjeprogramma Kassa.

"De situatie van nu was twee maanden geleden nog totaal ondenkbaar. Leraren leveren nu een gigantische prestatie. Ze zijn in staat geweest om binnen korte tijd onderwijs op afstand te organiseren", seit Rosenmöller. "De werkdruk in het onderwijs was al hoog en wordt nu nog hoger. Leraren hebben die vakantie straks echt verdiend."

17:51
Tal coronapasjinten op Fryske intensive cares stabyl

Der lizze op dit stuit noch 20 pasjinten op de Fryske intensive cares. Dat binne der likefolle as yn de sifers fan freed, doe't der ek 20 minsken op de Fryske IC's leine.

Der binne noch 40 pasjinten dy't bûten de IC's yn it sikehûs lizze. Dat is der 1 minder as freed. It giet om minsken dy't posityf test binne op it coronafirus, of dy't it firus nei alle gedachten hawwe.

16:54
Ek meidwaan mei Fryslân fan Boppen? Sjoch de rûten fan takom wike

Twa wiken lang fleane op wurkdagen drones boppe de provinsje om Friezen in hert ûnder de riem te stekken yn dizze tiden. It projekt Fryslân fan boppen is betocht troch de Fryske boargemasters en LF2028. Omrop Fryslân en de Leeuwarder Courant stjoere de bylden út. Besjoch hjir de fleanrûten fan takom wike.

Let op, de plysje freget om ek by tariedingen op Fryslân fan Boppen de oardel meter en oare rjochtlinen fan it RIVM goed yn 'e gaten te hâlden!

16:42
Maatregels foar jongerein moat 'versoepeld worden'

Nei 28 april moatte de coronamaatregels fan it regear foar jongeren 'versoepeld worden'. Dat seit Hubert Bruls, foarsitter fan it Veiligheidsberaad, by de NPO. Neffens Bruls wurdt it foar jongerein hieltyd dreger om harren oan de regels te hâlden. "Je kan niet verwachten dat jongeren niet naar school gaan én niet naar de sportclub én niet naar concerten", sa seit Bruls. "Kijk om je heen, jongeren willen graag naar buiten."

14:36
Lanlike sifers fan it RIVM

It RIVM meldt hjoed dat der yn ús lân sûnt juster 142 minsken ferstoarn binne oan it coronafirus. Der binne 129 minsken opnaam yn it sikehûs, en 1140 minsken waarden posityf teste.

13:49
Taskes mei iten

Der binne noch hieltyd allerhanne aksjes yn de Fryske doarpen. Sa wurde der by Nijemardum taskes mei lekker iten útdield troch it doarpsbelang.

13:26
Sportferieningen Smellingerlân yn 'e knipe

De sportferieningen yn Smellingerlân meitsje hawwe noed oer de takomst. Mei in grutte advertinsje yn in regionale krante wurdt besocht om te foarkommen dat leden opstappe no't dúdlik wurden is dat dit sportseizoen ferlern is. Fuotbalferiening ONT fan De Pein hat noed oer hoe't it nei corona komt.

Lege fjilden by fuotbalferiening ONT op Sportpark Douwekamp yn De Pein - Foto: Omrop Fryslân, Freark Wijma
12:00
Update: twa minsken ferstoarn, 438 minsken posityf test

Der binne sûnt freed twa minsken yn Fryslân ferstoarn oan it coronafirus. It totaal oantal minsken dat yn de provinsje ferstoarn is oan it firus, leit no op 42. Der binne 20 minsken bykaam dy't posityf test binne, dêrmei komt it totaal op 438. Fierder lizze der op dit stuit 61 minsken yn de sikehuzen. Dit docht bliken út de nijste sifers fan Veiligheidsregio Fryslân.

Veiligheidsregio Fryslân - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma
10:10
Boete foar kafee Ljouwert

De eigener fan in kafee yn de gemeente Ljouwert dat gewoan iepen wie, is freedtejûn op de bon slingere. Dat meldt de hoareka-plysje op Twitter. Yn ferbân mei de privacy-wetjouwing makket de plysje net bekend om hokker kafee it giet.

De plysje hie in tip binnen krigen dat in kafee yn de gemeente Ljouwert gewoan iepen wêze soe. Doe't de plysje dat kontrolearre, die bliken dat dat yndie it gefal wie. De eigener fan it kafee krige in boete fan 4.350 euro. De minsken dy't oanwêzich wiene hawwe net in boete krigen, om't de ûndernimmer ferantwurdelik is, sa seit de plysje.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema
8:49
Jeugdhulp Friesland wurket troch

De jongereinsoarch giet nettsjinsteande de coronakrisis gewoan folslein troch. Dat seit direkteur behannelsaken Janneke Majoor fan Jeugdhulp Friesland. Dêr wêr't je sjogge dat der problemen binne by bygelyks ferpleechhuzen, dêr hawwe se by de jongereinsoarch net sokke problemen. Alden kinne harren bern sjen en de soarch leveret net yn oan kwaliteit.

Jeugdhulp Friesland - Foto: Jeugdhulp Friesland
7:05
No yn Fryslân

Yn it radioprogramma No yn Fryslân praat presintator Geartsje de Vries jim tusken 8.00 en 9.00 oere by. Dêryn giet it ûnder oare de jeugdsoarch yn de coronakrisis, dêr't se in hiel soad oan it fideobeljen binne.

7:00
Wolkom!

Goeiemoarn, en wolkom by dit liveblog oer it coronafirus. It is sneon 18 april 2020. Dit wie it wichtichste nijs fan freed:

  • Ko-assistinten fan it MCL geane fan moandei ôf by minsken thús del om coronatests ôf te nimmen;
  • De Veiligheidsregio Fryslân is him oan it tarieden op in mooglike ferromming fan de coronamaatregels yn it Noarden;
  • Boargemasters fan de grutste stêden wolle in ferbod op alle eveneminten oant 1 septimber, boargemaster Buma fan Ljouwert fynt dy oprop 'bysûnder' en te betiid;
  • Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren trije coronastjergefallen registrearre, yn totaal binne der no 40 minsken ferstoarn oan it coronafirus;
  • Der lizze noch 20 coronapasjinten op de Fryske intensive cares en 41 op oare ôfdielingen yn de Fryske sikehûzen, dat is minder as in dei earder;
  • We meie kommend wykein fan minister Grapperhaus heechút tsien minuten it park yn. Dêrnei moatte we wer romte meitsje foar oare minsken;
  • Lanlik krijt in tredde fan de minsken mei thússoarch minder of hielendal gjin soarch mear, bygelyks omdat kliïnten út eangst gjin soarch hoege.

It folsleine liveblog fan tongersdei nochris neilêze? Dat kin hjir.

Trefwurden: 
coronafirus COVID-19
(Advertinsje)
(Advertinsje)