Grutte loads meganisaasjebedriuw Akkrum yn ljochte lôge

Oan de Spikerboor yn Akkrum stie sneontenacht in grutte loads yn ljochte lôge. It gie om de loads fan in meganisaasjebedriuw en trekkerdealer. De loads stie njonken in wente, mar de brânwacht koe foarkomme dat it hûs flam sloech. Der rekke net ien ferwûne by de brân.
Grutte loads meganisaasjebedriuw Akkrum yn ljochte loge
De brân ûnstie krekt nei fjouweren. De oarsaak fan it fjoer is noch net bekend, mar der moasten meardere brânwachten hinne om it fjoer út te krijen. De loads wie sa'n 20 by 30 meter grut.
Yn de loads wie oan de foarkant in showroom en oan de efterside in wurkplak. De loads is folslein ferlern gien.
© CAMJO media / Jaring Rispens