'Kliïnten wegerje sels thússoarch út eangst foar coronafirus'

17 apr 2020 - 22:29

Thússoarchorganisaasje Het Friese Land werken him totaal net yn it byld dat freed nei bûten kaam nei in enkête fan de Nederlânske Pasjintefederaasje. Dy meldt dat in tredde fan de minsken mei thússoarch of help fan de wykferpleging minder of sels hielendal gjin soarch mear krijt troch de coronakrisis. Se soene benaud wêze it firus op te rinnen.

Thússoarch - Foto: Shutterstock

Ek by Het Friese Land krije minder minsken soarch, mar dat is hielendal op fersyk fan de kliïnten sels, seit bestjoerder Klaas Kuilman. "De suggestje wurdt wekt of 'skale' wy sels de soarch ôf. Dat is net it gefal. It gebeurt wol dat kliïnten sels oanjouwe: út eangst hoech ik gjin soarch. En wat je ek sjogge is dat in soad minsken no thús binne en sizze: dy soarch kinne wy no sels wol efkes dwaan."

By Het Friese Land binne der no tsien prosint minder kliïnten, dus hat de organisaasje ek minder omset. "Tsien prosint fan ús omset, dan hast it oer fiif miljoen, as it in jier lang wêze soe. Dat binne flinke bedragen en dat is los noch fan wat wy útjouwe oan beskermjende maatregels. Gewoanwei jouwe wy dêr yn ien jier sa'n fiif tûzen oan út, dat is in bedrach dat no yn de tonnen rint", seit Kuilman.

Santjin miljoen saakkundigen

Oft de maatregels fan it kabinet goed of goed genôch binne, wol Kuilman neat sizze. "It liket in bytsje op fuotbaljen: ast net útsjochst hast santjin miljoen saakkundigen op dit mêd. Wy hâlde ús gewoan oan de rjochtlinen fan it RIVM, dêr sitte de saakkundigen", seit Kuilman.

"Kinst der einleas oer diskusjearje oft it wol goed is of net goed is, mar moatst ek gewoan sizze: dit is het belied, sa folgje wy it."

Klaas Kuilman fan Het Friese Land

(advertinsje)
(advertinsje)