Skilderij 'Leliën' fan Jan Mankes ûntdutsen: "Alles klopt"

17 apr 2020 - 22:17

Der is in skilderij fan de keunstner Jan Mankes ûntdutsen. It hjit 'Leliën'. Direkteur Ype Koopmans fan museum MORE yn Gorssel krige it wurk ûnder eagen. Hy koe it skilderij net, mar wist daliks seker dat it om in Mankes giet.

Jan Mankes, Leliën, ca 1910 - Foto: Museum MORE

It is nei alle gedachten skildere yn 1910. Mankes wie doe noch mar tweintich jier en stie oan it begjin fan syn skilderskarriêre. It skilderij 'Leliën' toant in stikje lân mei in protte leeljes en in wyt stekje. Dat stekje hat er faker skildere, bygelyks op it skilderij 'Geit' dat yn it Fries Museum hinget.

Jan Mankes (1889-1920) komt út De Knipe. Hy skildere faak blommen, lânskippen, portretten en bisten op it hiem fan syn âlderlik hûs. In topstik fan Jan Mankes kin hjoed-de-dei by ferkeap tonnen opbringe.

Diel fan 'De oude geit', Jan Mankes - Foto: Fries Museum

Zoals ze in Engeland zeggen: it was written all over.

MORE-direkteur Ype Koopmans wie der direkt wis fan dat it om in Mankes gong

In frou naam it skilderij 'Leliën' mei nei museum MORE yn Gorssel yn Gelderlân, dat in protte wurk fan Mankes hat. Sy hie it krigen út in erfenis. Foar direkteur Ype Koopmans wie it in grutte ferrassing, want hy koe it wurk net. Dochs wie er der wis fan dat it om in Mankes giet: "Het hele handschrift klopt. De signatuur, de verfbehandeling, de manier van inlijsten, alles klopt. Er kan geen twijfel over bestaan. Zoals ze in Engeland zeggen: it was written all over."

Leelje yn faaske, Jan Mankes - Foto: Museum MORE

It nij ûntdutsen wurk komt yn de tentoanstelling te hingjen neist in skilderijke fan in leelje yn in faaske, dat it museum al hie. Ype Koopmans fynt de nije fynst prachtich: "Het is zo bijzonder, je denkt dat je alle hoogtepunten al kent. En dan krijg je door dit schilderij een heel ander beeld van de schilder Mankes."

Direkteur Ype Koopmans oer it skilderij 'Leliën' fan Jan Mankes

Op 23 april is it krekt 100 jier ferlyn dat Jan Mankes stoarn is. Museum MORE yn Gorssel hat ta gelegenheid dêrfan in grutte tentoanstelling mei 35 skilderijen fan de skilder. Fanwege de coronamaatregels is dy allinnich te besjen mei in 'firtuele rûnlieding' fan 23 april ôf. Direkteur Ype Koopmans wol graach de tentoanstelling ferlingje oant nei de simmer fan 2020, sadat de museumbesikers it wurk nei de lockdown yn it echt besjen kinne.

(advertinsje)
(advertinsje)