Ein oan langrinnend parkearkonflikt yn Harns

17 apr 2020 - 20:56

Nei hast 20 jier komt der in ein oan in oerienkomst foar it langparkearjen yn Harns. It bedriuw Van Meurs woe graach it kontrakt ferlingje, mar troch in konflikt mei de gemeente oer de fergoeding binne de partijen der net útkommen.

Parkearterrein by de Tsjerk Hiddesslûzen yn Harns - Foto: Google Street View

Van Meurs fersoarget sûnt 1992 it langparkearjen oan de Harnzerstrjitwei en in parkeargaraazje ûnder de Waddenpromenade. Yn de lêste jierren krigen de twa partijen in konflikt, ûnder oare oer de fergoeding. Nei in sitting by de rjochtbank ha de gemeente en Van Meurs ôfpraat om in oplossing te sykjen. Se ha dy oplossing no yn in oerienkomst fêstlein. Der wurdt net bekend makke wat der krekt ôfpraat is.

Gemeente nimt saken oer

Oan de ein fan dit jier wurdt de oerienkomst beëinige. De gemeente nimt alle saken dy't by de parkearterreinen heare oer en it personiel giet mei nei de nije eksploitant. Wa't dat wurdt en hoe't de proseduere wurdt, seit de gemeente noch net.

De gemeente hat ek plannen om it langparkearjen yn Harns út te wreidzjen. Gemeenteriedsleden kinne de ôfspraken dy't makke binne wol ynsjen, mar meie der neat oar nei bûten bringe.

Trefwurden: 
Harns parkearjen Van Meurs
(advertinsje)
(advertinsje)