It fersetswurk fan doktersfrou Tal Gerritsma

17 apr 2020 - 20:18

Yn de searje De terugkeer van de Joodse kinderen diskear it ferhaal fan Tal Gerritsma. Joadske berntsjes, dy't yn 'e oarloch troch studinten fanút Amsterdam nei Fryslân smokkele waarden, kamen mei de boat oan op 'e Lemmer. In yllegaal netwurk fan help oan ûnderdûkers soarge foar in feilich plakje yn Fryske pleechgesinnen yn de omkriten fan Snits. Tal Gerritsma en har man, húsdokter Hendrik Gerritsma, spilen dêrby in belangrike rol.

De bern wurde earst nei de menistetsjerke oan de Singel brocht, by predikant Willem Mesdag. Húsdokter Hendrik Gerritsma hat yn deselde strjitte syn praktyk. Dêr wurde de berntsjes earst ûndersocht op syktes, foardat se nei in ûnderdûkadres gean. Doktersfrou Tal Gerritsma rekket al gau belutsen by de organisaasje. Mei kapelaan Gerard Jansen set se in netwurk fan ûnderdûkadressen op yn Snits en de doarpen dêromhinne.

Ineke Gerritsma - Foto: Omrop Fryslân

Tal Gerritsma wie troud, hie in eigen gesin mei twa famkes en in tredde berntsje op komst. Dat hold har net tsjin by it dwaan fan fersetswurk, fertelt har dochter Ineke. Tal Gerritsma wie dei en nacht yn it spier. Se soarge net allinnich foar feilige adressen foar de Joadske bern. Ek dêrnei hold se yn 'e gaten, hoe't it mei de bern gie.

Ineke en har suske - Foto: Famyljefoto

Nei de befrijing waard der by de Gerritsma's thús net mear oer de oarloch praat. Pas in oantal jierren lyn fertrout Tal har oantinkens ta oan it papier. Doe pas waard dochter Ineke dúdlik wat har mem dien hie yn 'e oarloch.

Dit is in ferhaal út de searje 'De terugkeer van de Joodse kinderen', in projekt fan Stichting de Verhalen, Tresoar, Omrop Fryslân, Leeuwarder Courant en Friesch Dagblad.

(advertinsje)
(advertinsje)