Omstanner hellet poppe út it wetter yn Ljouwert

Yn Ljouwert is freed in poppe út it wetter oan de Nijestêd helle. Neffens tsjûgen lei de poppe yn de bernewein yn it wetter.
© Wilfred de Jong
Ien fan de omstanners seit dat de bernewein noch yn it wetter lei, doe't de poppe út it wetter helle waard. De man dy't de poppe rêden hat, krige in grut applaus fan de omstanners.
Hoe't it mei de poppe is, is net bekend. It is ek net dúdlik hoe't de bernewein yn it wetter telâne kommen is.