Fideodeiboek: "Wy sitte foarearst noch wol yn dizze realiteit, dus wy moatte in paad fine"

17 apr 2020 - 19:00

Fêstgoedûndernimmer Jaap Hoekstra sit net stil yn de coronakrisis. Yn syn foarige vlog liet hy sjen dat hast gjinien mear is yn syn bedriuwesintrum De Fabriek yn Ljouwert. Gewoanwei wurde der bygelyks kursussen jûn, is der fysioterapy en meitsje minsken eksamens. Yntusken komt it stadichoan wer op gong. Ek is Hoekstra wer úteinset mei de ferbouwing fan apparteminten. Mar wol mei ôfstân.

Mear vlogs fan Jaap Hoekstra en de oare vloggers fan de rige 'Berjochten út it hert' sjen? Dat kin fia dizze dossierside.

Trefwurden: 
coronafirus coronavlog
(advertinsje)
(advertinsje)