Alternative Keningsspelen yn Huzum en op It Hearrenfean: "Superleuk!"

Eins hie de folsleine provinsje hjoed oranje kleurje moatten foar de Keningsspelen. Mar fanwege de coronakrisis kin dat fansels net trochgean. Op It Hearrenfean en yn de Ljouwerter wyk Huzum woene se harren dêr lykwols net samar by dellizze. En dus binne der no alternative Keningsspelen organisearre. By minsken thús op de oprit bygelyks.
Keningsspelen
Yn Huzum is de hiele wyk útrukt om mei-inoar spultsjes te dwaan. Op paste ôfstân, mar dus wol mei elkoar. It idee komt fan ien fan de memmen yn de wyk. "Ik ha juster in briefke troch de bus dien oan elkenien", seit Anna Frouk Hoogsteen, organisator fan de Keningsspelen yn Huzum. Net allinnich foar de bern, mar ek om foar wat 'reuring' te soargjen.
Mar fansels giet it foaral om de bern. It is wol wat oars as op skoalle, mar se ha de grutste wille. "Ik heb net gesjoeld en ik heb ook een heel leuk parcours gedaan. Nu ben ik cupcakes aan het bakken", seit ien fan de bern. "Ik vind het superleuk!"
Ferslachjouwer Jeroen Boersma seach by de Keningsspelen yn Huzum
Ek op It Hearrenfean ha se in alternatyf betocht foar de Keningsspelen, mar dêr giet it wol krekt wat oars as yn Huzum. "De kinderen hebben via Scoren voor Gezondheid een filmpje gekregen met tien activiteiten. Die activiteiten voeren ze allemaal thuis uit. Daarvan maken ze filmpjes en die filmpjes worden naar school gestuurd. Die zetten wij dan weer op de website, zodat iedereen kan zien hoe wij onafhankelijk van elkaar de Koningsspelen doen", seit juf Sharita.
Keninggspelen op It Hearrenfean © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
De bern dogge bygelyks parkoers, balspultsjes, snoephappe en spultsjes mei ballonnen. "Alles om de kinderen maar zoveel mogelijk in beweging te brengen", seit Menco van der Weg fan Stichting Scoren voor Gezondheid. "Het is fantastisch dit. Prachtig om te zien hoe de kinderen en ouders het oppakken", sa seit Van der Weg.
Ferslachjouwer Hayo Bootsma seach by de alternative Keningsspelen op It Hearrenfean