PODCAST: 'Rebûlje yn 'e Broeretsjerke'

17 apr 2020 - 17:56

De grize giet dy oer de grouwe fan dizze spannende ferhalen. 'Bonkerak' is in rige fan tweintich folksferhalen dy't bewurke binne ta harkspullen. Alle wiken in nij folksferhaal út Fryslân of dêrbûten. Yn dizze trettjinde Bonkerak kinst harkje nei it ferhaal 'Rebûlje yn 'e Broeretsjerke'.

Utstjoering 13: Rebûlje yn 'e Broeretsjerke

De popgroep 'Reboelje' wurket mei oan in opera oer Gysbert Japicx yn de Broeretsjerke yn Boalsert, mar der giet fan alles mis by de repetysjes. It is krekt of rêst der in flok op de foarstelling. Gekjeiend sizze de bandleden tsjin inoar dat de geasten yn de âlde tsjerke miskien wol net wolle dat der lûde muzyk makke wurdt...

Bonkerak is in podcastsearje fan Omrop Fryslân. Folksferhalen dy't spylje yn Fryslân, Skotlân, Ierlân, Frankryk en Amearika, binne bewurke ta harkspullen. It binne allegear folksferhalen mei in wat tsjuster laachje: spannend, mysterieus en horroreftich. Tweintich wiken lang komt der alle freeds in nije útstjoering online op de webside fan Omrop Fryslân, yn dyn podcast-app en op Spotify. Sjoch foar mear ynformaasje oer Bonkerak op omropfryslan.nl/bonkerak.

(advertinsje)
(advertinsje)