Hinder foar ferkear op A7 tusken Surch en Boalsert fanwege oanlis wynpark

17 apr 2020 - 22:05

Fan freedtejûn ôf kin it ferkear hinder ûnderfine op de A7 tusken Surch en de ôfslach Makkum-Wytmarsum. Dit hat alles te krijen mei de oanlis fan in stroomkabel foar it Wynpark Fryslân dat by de Ofslútdyk komt by Breesândyk. De situaasje duorret oant en mei 5 juny. Ein july moatte alle wurksumheden tusken Surch en Boalsert klear wêze.

Shanti Faber, de omjouwingsmanager Zuiderzeewind:

"Tussen Zurich en Bolsward gaan wij vanaf 22.00 uur vanavond de rijbanen aanpassen. Dan komt het verkeer in beide richtingen op één weghelft terecht", seit Shanti Faber, de omjouwingsmanager Zuiderzeewind. Dêrneist wurdt de ôfrit nei Makkum en Wytmarsum ôfsletten. Hjirfoar jildt in omlieding. De maksimumsnelheid op it trasee wurdt ferlege nei 70 kilometer de oere.

It stik dêr't oan de dyk wurke wurdt:

Grutste wynpark

Wynpark Fryslân wurdt wrâldwiid it grutste wynpark dat yn in binnenwetter boud wurdt. It park sil bestean út 89 grutte wynturbines en is goed om in heal miljoen húshâldens fan stroom te foarsjen. It park moat yn 2021 operasjoneel wêze. De kosten fan it projekt binne mei-inoar sa'n 800 miljoen euro.

Foto: Windpark Fryslân

Nettjinsteande de coronakrisis leit de oanlis fan it wynpark sels foar op skema. Alle produksjeprosessen, ek yn it bûtenlân, draaie noch op folle toeren. "De bouw en levering van de grotere componenten liggen nog op schema", seit Bart Ummels, Deputy Project Manager. "De regels zijn natuurlijk wel aangescherpt."

"Eind dit jaar zal het transformatorstation klaar moeten zijn. In september gaan we de funderingen leggen en in maart zouden dan de eerste windturbines erop kunnen", sa seit Ummels.

Bart Ummels is Deputy Project Manager:

Ferslachjouwer Onno Falkena seach by it oan te lizzen wynpark

Artist impression fan wynpark Fryslân by Breesândyk - Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)