Detinearden stjoere kaartsjes oan plysje en justysje

17 apr 2020 - 16:50

Detinearden út de finzenis PI Ljouwert ha winskkaarten makke en oan 13 soarchynstellingen yn Ljouwert, de brânwacht, plysje en justysjeministers Grapperhaus en Dekker stjoerd. "Wat extra kracht en steun kunnen een heleboel mensen wel gebruiken in deze moeilijke tijd", seit de foarsitter fan de Gedetineerdencommissie PI Leeuwarden.

It idee waard fan 'e wike troch de detinearden foarlein oan de direksje fan de finzenis. Dy wie fuort entûsjast, seit teamlieder Johannes Nicolaï: "It jout oan dat se hiel goed troch ha wat der geande is op strjitte. Dêr krije se genôch fan mei. Se sjogge ek wat de ympakt is en dus fûnen se dat de helpferlieners wol in hert ûnder de riem fertsjinje."

In groep fan njoggen is der dêrnei mei oan de slach gean.

Nicolaï begrypt dat it liket oft der wat irony sit yn it feit dat se ek kaarten stjoere oan de plysjeminsken en de ministers fan Justysje: "Mar se witte ek dat plysjeminsken net allinnich boeven pakke, mar no ek in belangrike rol spylje by it hanthavenjen fan de regels en it beskermjen fan oaren. Se binne har ek tankber foar it goed funksjonearjende systeem en fine ek dat de maatregels nedich en begryplik binne."

Tusken fjouwer muorren

Troch it feit dat se sels ek yn isolaasje sitte, tusken de fjouwer muorren fan de finzenis, begripe se hiel goed hoe grut oft de ympakt is op de mienskip, seit Nicolaï. "Se kinne har maklik ferpleatse yn de situaasje bûten. Dat fergruttet de belutsenheid."

Foar detinearden sels it it ek in drege tiid. Se meie gjin besite mear ûntfange. Nicolaï: "De besite is ien fan de belangrykste mominten foar de mannen hjirbinnen. Dat soks no net kin, docht echt wat mei se. We kinne dat kompensearje mei Skype, mar dat is net itselde. It docht echt wat mei se."

(advertinsje)
(advertinsje)