Hoareka-ûndernimmer Bosman: "Nederlân sit yn in coronakramp"

Tachtich persint fan de Fryske hoarekasaken driget om te fallen yn de oardelmeter-ekonomy. Dat seit de foarsitter fan de Fryske ôfdieling fan belange-organisaasje KHN, Corné van de Erve. Premier Mark Rutte ropt alle bedriuwen op om nei te tinken oer dy oardelmeter-ekonomy, no't dúdlik wurden is dat it noch wol in hiel skoft duorje kin foar't de coronamaatregels ynlutsen wurde. Hoareka-ûndernimmer Geert Bosman hat der wol in idee oer.
Grand 't Gerecht op it Gemeenteplein op It Hearrenfean © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Geert Bosman is in grutte spiler yn de Fryske hoareka. Hy is fan it restaurant Hét Postkantoor, grandkafee en hotel 't Gerecht en inisjatyfnimmer fan De Swetser-kafees. Mar ek lid fan it bestjoer fan Toerisme Alliantie Friesland.
Hy seit oer de situaasje: "Tachtich persint is realistysk, dit hâldt gjin minske fol. Banken binne hjir en dêr wol kûlant om jild te lienen, mar soms ek net en bedriuwen doare soms net oan te klopjen. En mei alle gefolgen dy't dêrnei komme fansels."
It is net altyd mooglik om genôch ôfstân te hâlden, jout Bosman oan. "It is tige ferskillend en hinget fan de saak ôf. Somtiden is der in mooglikheid om in terras út te wreidzjen. Mar foar de kafees en diskoteken haw ik gjin oplossing. Hotel en restaurant miskien wol. De iene saak kin der mear út helje as de oare saak."

Ferromming

It mei dan ek gjin ferrassing wêze dat Bosman in grut foarstanner is fan in regionale ferromming fan de coronamaatregels. "Wy hawwe hjir folle minder besmettingen. Ik hoopje dat sy it noarden iepen smite as testlokaasje. Mei de goeie werstartprotokollen moat der hjir ûnderfining opdien wurde. As it net goed giet, kin de kraan wer ticht. Ik sis: los. Wol fasearre. Mar gean los. Want dy besmetting is net op it Fryske plattelân, dêr't minsken rinne, fytse, farre."

Coronakramp

De hoarekaman wynt der gjin doekjes om. "Hiel Nederlân sit yn de coronakramp. Mar as jo 50 persint fol krije kinne yn in hoarekasaak troch der tafels wei te heljen, dan skeelt dat ek al. Wy moatte ús wol hâlde oan de ôfstân, mar dan kinne je wer draaie. En dat skeelt sa'n soad."
De Old Dutch op De Westereen wurket ek al mei de nije regels:
Old Dutch

Old Dutch

In restaurant dêr't se al neitinke oer de oardelmeterekonomy is Old Dutch op De Westereen. Fan freed ôf besoargje se it jûnsiten dat by harren besteld wurdt. Dat giet ek op in spesjale wize. lykas as hoe't it aansen mooglik gean sil. Eigener Melle Prins fan Old Dutch: "Ik sjoch it persoanlik net sitten, mar as it al sa is, sille wy ús wei der ek yn fine moatte. As dy oardel meter normaal wurdt en eltsenien skikt him deryn, sille wy dat ek dwaan. Mar dat wurdt wol ferhipte lestich."