Twa fertochten fan rôfoerfal yn Drachten bliuwe fêst

17 apr 2020 - 16:05

De twa manlju fan 18 jier dy't dizze wike oppakt waarden yn ferbân mei in rôfoerfal op in 93-jierrige Drachtster, bliuwe foarearst fêst. Dat hat de rjochter-kommissaris besletten. De fertochten komme út Drachten en Gerkeskleaster.

Foto: ProNews

It slachtoffer soe yn oktober ferline jier wat ôffal fuort smite, doe't se oerfallen en mishannele waard. De oerfallers naaiden út mei kostber guod en brieven fan har ferstoarne man. Letter waard in jildkistke yn it wetter fûn.

Ien fan de twa dieders sit al fêst, mar út ûndersyk die bliken dat se mooglik twa kompanen hiene. Tsjûgen hiene fjouwer jonge manlju sjoen, dy't in skoft by it hûs fan de frou omhongen. De plysje seit dat se noch op syk binne nei de fjirde fertochte.

(advertinsje)
(advertinsje)