Drugswente oan de Wagnerstrjitte yn Ljouwert sletten

17 apr 2020 - 15:47

De wente oan de Wagnerstrjitte yn Ljouwert dêr't ein febrewaris in drugshannel yn oantroffen waard, is troch de boargemaster sletten foar seis moannen.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Op 24 febrewaris waard yn de wente kokaïne en himp fûn. Dêrnjonken lei der ek oar guod dat te krijen hat mei drugshannel. Troch de wente te sluten, wolle de plysje en gemeente drughannel en oerlêst tsjingean. Yn de gemeente Ljouwert is dit jier 11 kear in pân sletten.

Trefwurden: 
Ljouwert drugs Wagnerstrjitte
(advertinsje)
(advertinsje)