Ljouwerter (46) oanholden om't er him net hold oan kontaktferbod mei Hells Angels

17 apr 2020 - 15:27

De plysje hat in Ljouwerter fan 46 jier oanholden. De man hie earder fêstsitten, mar waard in jier lyn frijlitten. Ien fan de betingsten wie dat er net mear yn kontakt komme mocht mei leden fan de Hells Angels. Hy mocht ek net mear op de terreinen en yn de kluphûzen komme. Dêr hat de man him net oan holden.

Rjochtbank Noard-Nederlân yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Dêr kamen de plysje en it Iepenbier Ministearje achter doe't se ûndersyk diene nei ynternasjonale drugshannel yn Noard-Nederlân. Yn dy saak sitte fertochten dy't lid binne fan de Hells Angels Harns en de Red Devils Ljouwert.

Yn dyselde saak bliuwt in 48-jierrige fertochte út Helsinki 76 dagen langer yn foararrest, waard freed bekend.

Neffens it Iepenbier Ministearje hat de man tusken april 2019 en jannewaris 2020 ferskate kearen yn de kluphûzen west en hat er kontakt hân mei oare Hells Angels.

De man hat noch in 'strafrestant' fan 1699 dagen, goed 4,5 jier. Hy is freed foar de rjochter-kommissaris ferskynd. Dy hat besletten dat de man foarearst fêstsitten bliuwt. De rjochtbank bepaalt letter oft de man dy 1699 yn syn gehiel fêstsitten bliuwt of in part dêrfan.

Feroardiele yn Noarwegen en Finlân

Yn 2011 waard de man yn Noarwegen feroardiele ta in finzenisstraf fan 11 jier, om't er 30 kilo amfetamine ymportearre hie. En yn 2012 is er yn Finlân feroardiele ta 720 dagen finzenisstraf fanwegen de ymport fan kokaïne en amfetamine. Mei yngong fan febrewaris 2014 mocht er syn straf yn Nederlân útsitte.

(advertinsje)
(advertinsje)