BFVW komt mei aksje tsjin katten yn it lân om pykjes te beskermjen

17 apr 2020 - 15:10

Natuerorganisaasjes en agraryske kollektiven yn Fryslân roppe kattebesitters op om har húsdier yn it greidefûgelseizoen fan heal april oant en mei juny nachts binnen te hâlden. Katten gean as it tsjuster is op jacht en pakke dêrby ynstinktyf de piken fan greidefûgels. De organisaasjes sette freed dêrom útein mei in kampanje, mei yn de haadrol sjonger en presintator Emiel Stoffers fan De Hûnekop én akteurpoes Gurbe.

Skries yn it boerlân - Foto: Omrop Fryslân

De partijen wurde oanfierd troch it Bûn fan Fryske Fûgelwachten (BFVW) en krije stipe fan de provinsje Fryslân.

Gefaar

De greidefûgels sjogge yn it tsjuster it gefaar net oankommen en kinne harren pykjes dan net beskermje. "Dêrom roppe wy jo op ús kwetsbere pykjes te rêden en jo kat yn de maitiid nachts binnen te hâlden", seit Age de Jong fan de BFVW.

De Jong freget ek spesjaal oandacht foar boeren. Op in soad buorkerijen binne katten aktyf dy't soargje foar de bestriding fan mûzen. "Jou se jûns wat te fretten of wat molke en slút dernei de doar. Dan binne wy der wis fan dat sy gjin pykjes pakke", sa seit De Jong.

Sjoch hjirûnder nei it kampanjefilmke fan it BFVW.

(advertinsje)
(advertinsje)