Der komme sinnepanielen op lûdswâl A32, tusken Aldskoat en Oranjewâld

17 apr 2020 - 15:08

De gemeente Hearrenfean hat it earste sinnepark yn de iepenbiere romte krigen. De bou fan it sinnepark is freed offisjeel úteinset. Wethâlder Jelle Zoetendal sette in buordsje op ien fan de peallen dêr't de sinnepanielen op komme te lizzen.

It giet om in lûdswal op grûn fan Steatsboskbehear, dêr't it sinnepark op komt. De panielen komme op 10 meter hichte te lizzen. It giet om 3.300 panielen dy't ekstra grut binne. Se moatte yn in jier tiid sa'n 1,4 miljoen kWh oan enerzjy opsmite, dat is genôch om 425 húshâldens fan enerzjy te foarsjen. De opbringsten fan it sinnepark wurde brûkt foar rekreative foarsjenningen yn Oranjewâld.

Sinne en rein op de grûn

Neffens Steatsboskbehear past it park hjir moai, om't de panielen njonken de bosk fan Oranjewâld komme te lizzen. Ek binne se bliid mei it feit dat it transparante panielen binne, dêrtroch kin de sinne der tuskentroch skine en kin reinwetter nei de grûn komme. Dat is better foar de natuer.

Ferslachjouwer Timo Jepkema by It Hearrenfean

(advertinsje)
(advertinsje)