"Regels hjir ferromje? Dan wurdt it in Frysk karnaval!"

"As we de coronamaatregels yn it Noarden fersoepelje, krije we hjir in Frysk karnaval en dêrmei itselde 'feestje', as yn Brabân en Limboarch. Dat moatte we net ha!" Dat wie ien fan de reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk op de fraach oft de lockdown hjir wol hast wer opheft wurde kin.
© Omrop Fryslân, René Koster
De measten wiene dêr nochal wat huverich foar, bliek op de freedsmerk. "We moatte it rêstich oan dwaan, we ha gjin haast", sei immen.
In oar tocht we hjir de regels better neikomme en dat we der dêrom mooglik wat minder lêst fan ha. "Maar als je alleen het Noorden vrijgeeft, komt iedereen hiernaartoe. Dat wil je ook niet." Of, sa't de tsiisboer it sei: "As al dy westerlingen hjir komme, binne wy it bokje!"
Ferslachjouwer René Koster op de freedsmerk
© Omrop Fryslân, René Koster