Fryske toskedokters steane wer yn de startblokken

17 apr 2020 - 14:30

Ek sy hawwe in skoft thús sitten, mar toskedokters wolle wol graach wer oan it wurk. Sy hawwe maatregels opsteld foar in ferantwurde besite, dy binne foarlein oan it ministearje fan Folkssûnens en it ministearje is der posityf oer. Ek by de praktyk Trynwâlden yn Gytsjerk steane se yn de startblokken.

Toskedokter Fennegje Benedictus fan Gytsjerk: "Der komme op dit stuit allinne mar minsken dy't écht net wachtsje kinne op in behanneling. Wy wolle graach wer oan de slach. Der sitte in soad minsken thús mei klachten dy't allinne mar grutter wurde. Mar der binne betingsten foar in behanneling om it sa feilich mooglik te meitsjen foar de pasjinten en de meiwurkers. Der moat safolle as mooglik ôfstân hâlden wurde, mar dat is fansels wol dreech. Dan jilde der ekstra maatregels, hat hat te krijen mei it spatterjen."

Behanneling

De nije maatregels betsjutte ek dat it mei in besite krekt wat oars wurde kin. "Minsken kinne in oare behanneling krije, mei mear foarsoarchsmaatregels. Lykas in lapke fan rubber oer de mûle, spiele mei desynfeksjemiddel en de hannen waskje, desynfektearje en sa min mooglik oerflakten oanreitsje."

Benedictus hopet wol wer gau oan it wurk te kinnen."Us plan is om nije wike, as it kin en as wy alle maatregels mooglik meitsje kinne, wer útein te setten. Dus eins sa gau as mooglik."

Toskedokter Fennegje Benedictus fan Gytsjerk

Foto: Shutterstock.com (Luis Molinero)
(advertinsje)
(advertinsje)