Fertochte drugssaak Noardburgum langer fêst

In 48-jierrige fertochte yn in grutte Fryske drugssaak moat 76 dagen langer fêstsitten bliuwe. Dat hat de rjochtbank Noard-Nederlân besletten. It giet om in fertochte út Helsinki.
© De Vries Media
Yn it ramt fan it drugsûndersyk waarden begjin maart santjin ynfallen dien yn ûnder oare Ljouwert, Harns, Noardburgum en Westergeast. De Finske fertochte wurdt derfan fertochte dat er belutsen wie by de útfier fan 86 kilo speed, wytwaskjen en dat er lid wie fan in kriminele organisaasje.
De Fin is ien fan de fertochten yn it ûndersyk fan de plysje nei ynternasjonale drugshannel. Yn dizze saak waarden yn maart fan dit jier ek inkelde Friezen oppakt. Inkelde fertochten binne neffens it Iepenbier Ministearje lid fan de Outlaw Motorcycle Gangs. It giet om in lid fan de Hells Angels yn Harns en in lid fan de Red Devils yn Ljouwert. Yn de saak is ek in boargerynfiltrant ynset.

Ynternasjonaal

De saak giet oer drugslinen dy't fan Fryslân út nei Finlân en Ingelân/Ierlân rinne. Begjin maart waard yn Grinslân in transport fan 86 pakketten speed ûntdutsen. It pakket soe sân ton wurdich wêze yn Finlân.