Antonius-sikehûs pakt needsaaklike polyklinyske soarch stadichoan wer op

17 apr 2020 - 14:11

It Antonius-sikehûs yn Snits pakt mei yngong fan kommende moandei stadichoan de needsaaklike polyklinyske soarch wer op. Dy wie útsteld fanwegen it coronafirus. It giet om ûndersiken of yngrepen dy't koart útsteld wurde koene, mar wol needsaaklik binne. As der noch langer wachte wurdt mei dy soarch kinne klachten slimmer wurde en gefolgen hawwe foar de sûnens fan de pasjint.

Foto: Omrop Fryslân

Foar elke spesjalisme wurdt sjoen wat it maksimaal oantal fysike polykonsulten wêze kin. Dêrneist bliuwt de oare net-needsaaklike polyklinyske soarch safolle as mooglik telefoanysk of mei byldbeljen dien. De akute soarch yn it sikehûs is de ôfrûne wiken wol gewoan trochgien.

It ferfetsjen fan de polyklinyske soarch giet net ta skea fan de opnamekapasaiteit fan coronapasjinten, sawol op de Intensive Care as de ferpleechôfdielings. Dy kapasiteit wurdt hanthavene salang't dat út it Landelijke Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding fereaske wurdt.

Feiligens

It sikehûs nimt alle foarsoarchs- en hygiënemaatregels yn acht om fersprieding fan it coronafirus foar te kommen. Pasjinten mei in (mooglike) coronabesmetting wurde strikt skieden fan de oare pasjinten.

(advertinsje)
(advertinsje)