Pakketbesoarger René Monsma hat it drok: "Nivo fan Sinteklaas en de krystdagen"

Pakketbesoargers ha it smoardrok. It tal online bestellingen is eksplosyf groeid om't winkels ticht binne en minsken thús bliuwe moatte. PostNL-pakketbesoarger René Monsma bringt al jierren bestellingen rûn yn Frjentsjer en hat it drokker as ea.
NOCH Pakketbesoarger
Wy sitte op dit stuit op it nivo fan Sinteklaas- en de krystdrokte
René Monsma, pakketbesoarger
Pakketbesoarger René Monsma wurket him in slach yn de rûnte: "Wy sitte op dit stuit op it nivo fan Sinteklaas- en de krystdrokte. Dus it is oergryslik drok op dit momint." Monsma en syn meiwurkers kinne dat oan, mar dat komt ek om't der in ekstra auto ynsetten wurdt. Der is neffens Monsma gelokkich genôch personiel en hy rydt sels ek folop mei op de rûtes.

Feestdagen

De drokte rûnom de feestdagen duorret faak sa'n seis wiken. Yntusken sitte de pakketbesoargers yn dizze coronatiid ek al sawat seis wiken yn de drokte. Mar Monsma kin alles noch binnen de kontraktoeren hâlde. "It spul moat de doar út en tiid om wurch te wurden ha je eins net. We pakke ús rust yn de wykeinen."

Praatsje

Oft it allegear finansjeel te dwaan is wit Monsma noch net. Mar hy fynt it wichtiger dat it personiel dat no fit is, dat oer twa moannen ek is. En ek al stiet der drok op de tsjettel om alle pakketsjes op tiid te besoargje. Monsma makket wol bewust in koart praatsje mei de minsken oan de doar. Op paste ôfstân fansels.
Ferslachjouwer Johanna Brinkman prate mei René Monsma