Bouboeren lije ûnder drûchte: boer fan Nij Altena no al oan it bereinen

17 apr 2020 - 13:20

Njonken it coronafirus hawwe bouboeren mei noch in grut probleem te krijen: de drûchte. Wie der oan it begjin fan it jier in soad rein en stie it lân ûnder wetter, no moatte de boeren itselde lân bereine fanwegen de drûchte. Sa bysûnder as dit jier hat bouboer Dirk Swart fan Nij Altena it noch nea meimakke.

"Ik bin al 40 jier yn bedriuw, wy hawwe wolris earder hân dat de grûn bonkehurd wie. Mar sa ekstreem haw ik it mei de siedfruchten noch noait hân. It is útsûnderlik," seit Swart. Hy is dan ek drok mei it bereinen fan syn lân. Hy brûkt der in grut wetterkanon foar. Dat moat it sied fan it gewaaks dy't hy earder plante hat, rêde.

Hy hat aardich te lijen ûnder de drûchte. "Je wolle graach in strak gewas, oan in heale frucht hawwe je neat. Der moat rendemint wêze. Je nimme maatregels. Normaal dogge wy dat net, mar no is der echt ekstreme drûchte. Nôt moat efkes oanslaan, ien kear bereine is wol foldwaande," jout Swart oan.

Bouboer Dirk Swart fan Nij Altena - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Sipels en biten

Mar net oeral is it maklik, sipels en biten binne in oar ferhaal neffens him. "By sipels is der foarkime sied dat wy op in fochtige ûndergrûn lizze. Mar om't dy ûndergrûn opdrûget, falle it kymke en it sied fuort. En it sied is djoer, dus wy moatte dan wol bereine. De biten sitte yn pillen, en dy hawwe ek focht nedich. Sy bliuwe no drûch yn de grûn lizzen en knappe net iepen."

De temperatuer is der en de tiid fan it jier ek wol, seit Swart. "Dus dan besykje wy mei bereinen de boel mar los te krijen. Mar de wyn is op guon mominten ek te skerp, dêrtroch waait it te hurd foar bereinen. Dan slaat de boppegrûn ticht, krije je in koarste en dêrtroch in noch in grutter probleem."

Bouboer Dirk Swart út Nij Altena

Coronafirus

De drûchte is net it iennige probleem foar boeren. Swart: "De coronakrisis sit je it meast op 'e nekke. Dat hâldt je wol dwaande. It is drok op it lân, dus ik kin it wol wat fersette. It is wol dreech foar de minsken yn grutte stêden dy't thús sitte en gjin kant op kinne. Wy binne wol lekker yn it fjild oan de gong. Dat is wol konfrontearjend."

Swart hoecht lykwols noch gjin gebrûk te meitsjen fan de kompensaasjeregeling fan de oerheid. "Aldergeloks hoege wy dat net te brûken. Wy kinne ús guod noch kwyt en hawwe noch ynkomsten. Dat kin ek oars, foar oaren is it somtiden dramatysk no. Der geane wat lûden dat it wer wat de goeie kant op giet mei it coronafirus, mar wy binne der noch net. Noch net ien lân is der frij fan."

Ferslachjouwer Jeroen Boersma sjocht by boer Swart op it lân

(advertinsje)
(advertinsje)