Learkrêften jouwe âlders fan skoalbern keamerplanten, as komplimint foar thúsûnderwiis

17 apr 2020 - 21:01

De âlders fan de bern dy't nei basisskoalle IKC de Kinderkoepel yn Ljouwert geane, krigen freed in bysûnder kado. De learkrêften brochten nammentlik in keamerplant. Sa wolle se de âlders in komplimint jaan foar de wize wêrop't se thús de bern dochs les jouwe.

Yn totaal 170 planten wurde der rûnbrocht. It giet om in Stephanotis. "Het is een mooie frisse plant die voor wat extra vrolijkheid zorgt", seit Richard de Vries. Hy stiet yn in lokaal dat no folle is mei de planten. "Ik ben leraar geworden om kinderen les te geven. En dan heb je niemand meer op school. Ik mis de kinderen echt heel erg, wij allemaal."

Foto: Omrop Fryslan, Hayo Bootsma

Om de âlders no in steuntsje yn de rêch te jaan en te komplimintearjen mei de wize wêrop't se de bern thús helpe, wurde de planten rûnbrocht. "We hebben er een brief bij gedaan. Daarin vertellen we hoe erg we iedereen missen en dat we zo graag een hart onder de riem willen steken. Voor het hele gezin. We weten ook nog niet hoe lang het duurt allemaal."

Earste plant

De famylje Hoekstra kriget de earste plant: "Aaah, prachtig. Dat hie echt net hoechden!" It thús lesjaan slagget best goed by de Hoekstra's: "Maar wij missen meester wel! En ik ben een tand kwijt!", seit ien fan de bern. Noch 169 adressen te gean.

Ferslachjouwer Hayo Bootsma seach by IKC de Kinderkoepel

(advertinsje)
(advertinsje)