Veiligheidsregio oan it tarieden op mooglike ferromming firusmaatregels

17 apr 2020 - 13:00

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren trije coronastjergefallen registrearre. Dat hat GGD Fryslân bekendmakke. Yn totaal binne der yn de provinsje 40 minsken ferstoarn oan it coronafirus. Nochris 18 minsken krigen de ôfrûne dei de diagnoaze corona. Dêrmei binne 418 minsken posityf test. It tal besmettingen bliuwt beheind, en dêr is Veiligheidsregio Fryslân wiis mei.

Veiligheidsregio Fryslân - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Saskia van den Broek fan Veiligheidsregio Fryslân tinkt dat it beheind bliuwen fan it tal besmettingen wolris te krijen hawwe kin mei it neilibjen fan de maatregels. "Helemaal zeker weten we dat niet, want dat is moeilijk te onderzoeken. Maar we gaan er vanuit dat het te maken heeft met de maatregelen. In het noorden houden we ons daar goed aan."

Tarieding op ferromming

De Veiligheidsregio is him wol oan it tarieden op in mooglike ferromming dêrfan. "Wat wij verwachten is dat wij dinsdagavond vanuit de ministerraad berichten krijgen over een lichte versoepeling, maar we hebben geen concrete aanwijzingen dat er daarin verschillen tussen regio's zouden zijn. Dan heb je ook te maken met bijkomende nadelen, waar je eerst eend goed over zou moeten nadenken," seit Van den Broek.

Op sosjale media binne guon Friezen ek wol benaud foar sa'n ferromming. "Dat is positief om te zien, zulke berichten. Want we moeten het met elkaar volhouden om dit virus onder de duim te krijgen. Het blijft van belang om elkaar niet in grote groepen te treffen. Het is lekker weer en je kunt natuurlijk goed in je tuin of op je balkon genieten."

Hanthavenje

Van den Broek jout oan dat der gjin reden is om bepaalde plakken ôf te sluten. "We gunnen het mensen ook om bijvoorbeeld in de natuur te zijn als dat kan. Kijk wanneer het rustig is en probeer rekening met elkaar te houden."

Dochs is de Veiligheidsregio wol opmerksum. "De handhavingscapaciteit van politie en gemeenten is op volle sterkte aanwezig. We bezoeken bepaalde locaties standaard met regelmaat en daarnaast gaan we op meldingen af die we krijgen. Maar gelukkig blijft dat beperkt," seit Van den Broek.

Saskia van den Broek fan Veiligheidsregio Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)