Ko-assistinten MCL gean by minsken thús del om coronatests ôf te nimmen

17 apr 2020 - 11:54

It MCL giet fan moandei ôf by spesifike pasjinten thús del om coronatests ôf te nimmen. Elke dei giet in ko-assistint fan it Ljouwerter sikehûs de provinsje yn om de tests ôf te nimmen. It giet dêrby om pasjinten dy't in mooglik ferhege risiko ha dat se it coronafirus meidrage, wylst se yn it MCL in behanneling ûndergean moatte dy't net útsteld wurde kin.

Sikehûs MCL yn Ljouwert - Foto: Kappers Media

In ko-assistint is in studint genêskunde yn de lêste faze fan syn of har stúdzje, dy't praktykûnderfining opdocht om letter as selsstannich dokter oan de slach te kinnen. De ko-assistinten fan it MCL sille by de pasjinten foarôf thús ûndersyksmateriaal ôfnimme. Foar it ûndersyk wurdt mei in wattestokje materiaal út de noas of kiel ôfnaam. Dat wurdt dêrnei ûndersocht by laboratoarium Izore. De útslach sil nei likernôch in heale dei bekend wêze.

It groepke fan seis ko-assistinten fiert om bar de ûndersiken út; elke dei in oare ko-assistint. Se wurde foarsjoen fan de nedige persoanlike beskermingsmiddels en testmaterialen. Ioana Antonescu is ien fan harren: "Aangezien onze bezigheden in het MCL in het kader van de studie geneeskunde op dit moment stilliggen, zitten veel coassistenten thuis. Als coassistenten zijn we blij dat we op deze manier kunnen ondersteunen."

Ko-assistint Ioana Antonescu

Trefwurden: 
MCL coronafirus ko-assistint
(advertinsje)
(advertinsje)