Fryslân fan Boppen: hjir fljocht de drone moandei del

17 apr 2020 - 11:30

Fan woansdei 15 april ôf fleane der twa wiken lang op wurkdagen drones boppe de provinsje om Friezen in hert ûnder de riem te stekken. It projekt Fryslân fan boppen is betocht troch de Fryske boargemasters en LF2028. Omrop Fryslân en de Leeuwarder Courant stjoere de bylden út. Besjoch hjir de fleanrûte fan moandei.

Foto: Omrop Fryslân

Yn dizze bysûndere en spannende tiden dy't in soad oanpassingen freget fan elkenien, wolle de boargemasters fan ús provinsje de Friezen in hert ûnder de riem stekke. Alle wurkdagen sille de drones in rûte oer ús provinsje fleane, om alle hertferwaarmjende stipebetsjûgingen yn byld te bringen dy't ynwenners, bedriuwen en oare organisaasjes út de eigen tún sjen litte kinne.

Earste Alvestêde-etappe

Moandei 20 april dogge wy de earste alvestêde etappe. Wy filmje yn plakken fan Ljouwert oant Starum. Wy dogge dat mei drones, dy't regelmjittich de loft wer út moatte foar bygelyks in nije batterij. Dêrom filmje wy net de hiele Alvestûderûte, mar allinnich yn de plakken dy't yn ûndersteand skema stean. Wy fleane mei trije teams dy't elts fan 9.00 oant 12.30 oere in part fan de rûte filmje.

It earste team fljocht fan Ljouwert (MCL, Huzum, Huzum-west, Vossepark), Weidum nei Skearnegoutum. Team twa fljocht fan Snits (Noordoosthoek, Bomenbuurt, Binnenstad, Lemmerweg West), nei Drylts en Wâldsein. En team trije fljocht fan Sleat, Balk, Galamadammen, Warns nei Starum.

Elkenien dy't in aksje ûnderweis opset, kin dy oanmelde fia dit formulier. Wy kinne net garandearje dat elkenien yn byld komt, der sil in kar makke wurde moatte fanwegen de beskikbere tiid. Mooglik ûnferwachte omstannichheden meitsje dat minsken (yn de doarpen) oan de rûte rekken hâlde moatte mei in healoere romte, sawol earder as letter.

Fryslân fan Boppen is in dei letter te sjen op televyzje ûnder de Middei fan Fryslân tusken 14.00 en 16.00 oere en jûns om 21.30 oere in kompilaasje op telefyzje en op omropfryslan.nl/fryslanfanboppen.

(advertinsje)
(advertinsje)