Skiermûntseach stelt smook- en stookferbod yn fanwege drûchte

17 apr 2020 - 11:15

De gemeente Skiermûntseach nimt maatregels fanwege it drûge waar fan de ôfrûne tiid. Der is in smook- en stookferbod ôfkundige. Sa skriuwt RTV Noord.

Natuerbrân - Foto: Omrop Fryslân

Ek de kommende tiid bliuwt it drûch. It is dêrom dat it fan dit wykein ôf net mear tastien is om yn de bosk of it bûtengebiet te smoken. Ek iepen fjoer, lykas in barbecue as in kampfjoer, is ferbean.

It ferbod jildt net allinnich foar bosken, dúngebieten en natuergebieten, mar ek foar diken mei berms bûten it doarp.

As it waar wat minder drûch wurdt, sil de gemeente it ferbod ynlûke. Dit bart yn oerlis mei de Veiligheidsregio Fryslân.

(advertinsje)
(advertinsje)