Súdwest-Fryslân sammelet materiaal foar 'coronakolleksje'

Súdwest-Fryslân wol tegearre mei oare gemeenten en ynstellings yn Nederlân meibouwe oan in (digitaal) argyf oer de útbraak fan it coronafirus en de gefolgen dêrfan foar it deistich libben yn de gemeente. Om ynformaasje en materiaal dêrfoar te garjen, freget de gemeente de help fan har ynwenners.
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Der wurdt op dit stuit skiednis skreaun neffens de gemeente en sa't kening Willem-Alexander earder al sei: in soad minsken sille har dizze útsûnderlike perioade noch lang herinnerje. "De sluiting van scholen, horeca, musea, theaters en bioscopen. De stille straten. Het thuiswerken en thuis les krijgen. Het niet doorgaan van sportwedstrijden, kerkdiensten en andere evenementen", seit wethâlder Mirjam Bakker.
Oer de ynfloed fan de maatregels op it deistich libben wurdt in soad kommunisearre. Dêrneist ûntstean der in soad sosjale inisjativen om elkoar te helpen. De gemeente fynt dy ynformaasje it bewarjen wurdich en tinkt dat dy in herinnering foar letter en kommende generaasjes is.
De gemeente is op syk nei bygelyks foto's fan it libben yn doarpen yn coronatiden, op strjitte of thús; flyers en posters mei meidielings oer coronamaatregels; optekene ûnderfinings, briefkes, deiboeken; kaartsjes of tekenings of digitale berjochten op WhatsApp of sosjale media. Minsken dy't wat opstjoere wolle, kinne dat fia de webside fan de gemeente dwaan.