Skoalbern fan basisskoalle De Fluessen meitsje harkspul fan toanielstik

17 apr 2020 - 11:01

De bern fan basiskoalle De Fluessen yn Aldegea soene freed stilstean by 75 jier befrijing mei in toanielstik. Troch de coronakrisis koe dat spitigernôch net trochgean. Juf Henriëtte Meijer betocht dêrom in oplossing: se bewurke it toanielstik ta harkspul en frege har learlingen tekeningen by it ferhaal te meitsjen. It einresultaat, mei in yntroduksje fan Frits Barend, is no op YouTube te finen.

It stik giet oer Jelle en Jeltsje de Vries fan Aldegea, by wa't yn de oarloch de Joadske famylje Barend in ûnderdûkplak fûn, bekend fan Frits en syn dochter Barbara Barend. Basiskoalle De Fluessen hat ferline jier it grêf fan Jelle en Jeltsje de Vries adoptearre. It plan om de befrijing te betinken mei in toanielstik kaam fan ien fan de bern sels.

Juf Henriëte Meijer gie dermei oan de slach. Meijer: "It ferhaal is it ferhaal sa't it bard is. Barbara Barend freget oan har beppe wat sy noch oer de oarloch wit foar in wurkstik, en dêrnei geane wy werom yn de tiid nei de oarloch."

Thús ynsprekke

"It grêf fan Jelle en Jeltsje de Vries leit foar de skoalle oer en dat wie foar ús daalks in link nei in hiel moai ferhaal", fertelt Meijer. De bern fan groep 6, 7 en 8 ha de teksten thús ynsprutsen. Derby waard ek faaks in berop dien op de âlden. Om de goeie yntonaasje te krijen, hawwe âlden de tekst fan de tsjinspilers foarlêzen, dêr't de tekst fan de bern op folget.

Net byinoar, mar dochs ferbûn

Troch de coronakrisis feroare der dus in soad. "Wy moasten omskeakelje nei ôfstân-ûnderwiis. Doe kaam it idee: as wy der no in harskspul fan meitsje, dan kin it wol. In podcast. De bern hawwe allegearre harren eigen rol yn it toanielstik hâlden. Om alve oere soe yn it doarphûs in moaie presintaasje wêze fan it harkspul, mar dat kin dêr fansels net mear. Aanst is der om heale alven in wol in presintaasje, mar online en yn teams. Frits Barend is dêr ek by útnûge en de âlden binne ek frege. Wy binne net byinoar, mar fiele ús wol tige ferbûn," seit juf Meijer.

Juf Henriëtte Meijer oer it harkspul

Foto: Eigen foto
(advertinsje)
(advertinsje)