Kapster wit fan oanpakken yn 'e tomatekwekerij

By tomatekweker Van Overbeek út Bitgum wie it hast oan de risping ta. Mar de arbeidskrêften út Poalen en Bulgarije wiene by famylje yn eigen lân en koene net werom nei Nederlân. Op itselde momint kamen allegear ûndernimmers út oare sektoaren sûnder wurk te sitten. Nei in oprop by Omrop Fryslân hat de kweker no sân nije minsken oan it wurk yn 'e kas. Kapster Sandra Scherjon is ien fan dy minsken.
© Sandra Scherjon
Scherjon is al 17 jier selsstannich kapster. Krekt yn novimber 2019 iepene se in nij ferboude salon yn De Westereen, 'het Haarboetiekje'. Mar nei de coronamaatregels moast se de saak tichtdwaan, en kaam se thús te sitten. Se waard der djip ûngelokkich fan. Doe kaam de oprop fan tomatekweker Van Overbeek út Bitgum. Dy siet te springen om nij personiel. Tsientallen minsken melden harren, út de skjinmakbrânsj, winkeleigeners, hoarekapersoniel, kappers en skjintmespesjalistes.
Kapster Sandra Scherjon oer har wurk by de kweker
© Sandra Scherjon
It wurk foldocht har goed. "It is goed om ris yn de keuken fan in oar bedriuw te sjen. It is moai om thús te kommen en te fertellen oer watst belibbe hast. Mar ik sjoch ek hoe't ik it troffen ha yn myn berop, mei myn eigen saak. Dat ik doch wêr't ik sels foar keazen haw. Ik ferlang der ek nei om aanst wer yn myn salon te stean, by myn klanten", seit Scherjon.

Tefreden

Foarearst binne der by Van Overbeek yn Bitgum sân minsken oannommen, dy't wurkje yn de tomatepluk en op 'e ynpakôfdieling. Mar it is moai waar, it is waarm yn 'e kas en de tomaten groeie troch. Kweker Piet Stienstra ferwachtet dat der ynkoarten noch wol mear minsken nedich binne. Hy is tige tefreden oer it nije personiel. "Se binne motivearre en witte gau hoe't it moat", sa seit Stienstra.
Kweker Piet Stienstra oer it nije personiel