Mbo-opliedingen yn coronatiid: in puzzel foar eksamenkommisjes

17 apr 2020 - 09:19

Hoe dogge je praktykeksamen as je eins net op skoalle komme meie? En hoe rinne je staazje yn in hoarekaoplieding as alle hotels, restaurants en kafees ticht binne? De eksamenkommisjes fan de mbo's sitte mei de hannen yn it hier.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

It is in grutte puzzel om de mbo-studinten noch dit jier oan in diploma te helpen. En net allinich de praktykeksamens binne in probleem, fertelt Edwin ter Steege as foarsitter fan trije eksamenkommisjes fan it Friesland College: "Normaal dogge wy gruttere oantallen en wurde der ek mear pland op in dei. Dat is by dizze eksamens al in útdaging, mar by sintrale eksamens is dat noch folle mear. Om in byld te jaan: de kommende seis wiken binne der mear as 1.000 sintrale eksamens foar allinne Nederlânsk. Wy meie fiif studinten mei in surveillant yn in romte hawwe. Dat is in dreech putsje om dat te organisearjen."

Teory en praktyk

En dat binne dan de teoretyske fakken. Foar praktyske eksamens lykas autotechnyk is it hielendal in útdaging. "In soad dingen binne oars op staazjeplakken, mar dy binne no ek ticht," seit Ter Steege.

Eksamen

Foar guon fakken is it yn de hjoeddeiske situaasje net mooglik om eksamen te dwaan. En dat kin grutte gefolgen hawwe foar de studinten. Dan binne se letter klear mei de studzje en kinne se net fierder oan it wurk of nei in ferfolchoplieding. Ter Steege: "Us ministearje hat dêr dúdlik oer west yn de hantrekken: de einbetingsten moatte je helje foar in diploma. As oplieding moat je sjen of je eksamens oanpasse kinne, sa't it wol mooglik is. Om te sjen hoe't in studint funksjonearret, moat dat no bygelyks mei in ynterviewpetear. Mar yn guon gefallen is ek dat net mooglik, dan moat der gewoan opskood wurde."

Edwin ter Steege fan it Friesland College

(advertinsje)
(advertinsje)