Kollum: "Asosjaal"

"In hiele soad lju besykje op alle fronten har bêst te dwaan om fan de wrâld in better plak te meitsjen. Se romje har rotsoai op en hâlde har oan de regels dy't de regearing of bedriuwen ús oplizze. Dêr tsjinoer is in groep dy't it allegear neat skele kin. Sokken ha gjin nocht om by de Omrin te wachtsjen en dumpe karren fol troep op in ferlitten plak.
Hilda Talsma © Omrop Fryslân
De Toan fan Hilda Talsma
De Marrekrite hie tiisdei in berjocht op Facebook setten mei foto's dy't hjir bewiis fan binne. Se wolle besykje te achterheljen wa't yn it peaskewykein in yllegale dumping by de Sânemar dien hat en se freegje oft immen eat sjoen hat.
No't minsken massaal thússitte, begjinne se op te romjen. De wachtiden by de Omrin rinne maklik op ta in pear oeren en de rigen auto's mei karren binne lang. Ik ha lêst sels ek in pear kear by de Omrin west omdat wy ús skiphûs ôfbrutsen ha. Dat fersakke hielendal, dus moast it leech omdat it tsjin 'e flakte gong.
We ha net alles fuortsmiten, mar it measte al en ik fyn sa'n bedriuw as de Omrin pure weelde. Dochs fiel ik ek in bepaalde skamte as ik dêr bin. Bist nea de iennichste en de konteners lizze fol mei ôftanke guod dêr't gjin ein oan komt. Elkenien soademiteret syn rotsoai achteleas yn de bakken om wer mei in opromme gefoel nei hûs te gean.
Ik bin sels gjin hier better hear, mar ik besykje al om net mear domwei eat te keapjen omdat it sa aardich én net djoer is. Ik kin ek makliker ôfstân dwaan fan myn guod as ik it net mear brûk. Dochs soe ik noch wol folle mear fuortbringe kinne, nei bygelyks de kringloopwinkel mar dat giet by my yn etappes.
Ut en troch ha ik in oplibbing en bin ik ynienen flau fan alles dat my yn 't paad stiet of al jierren yn 'e kast leit te wachtsjen oant ik it noch in kear oan dwaan sil. It bart meastentiids dochs net, dus fuort dermei! Yn 'e rin fan de jierren ha ik sa al in protte opromme en dat jout in goed gefoel. Ik bin dan ek fan doel om hjir mei troch te gean en dêr myn eigen ferantwurding yn te nimmen.
Lokkich dogge de measte minsken dat en ik bin tankber foar it feit dat it yn ús lân sa goed regele is. Grize-, griene- en âld papierkonteners dy't regelmjittich by de dyk kinne, oeral jiskefetten ast ûnderweis bist en de dwinger foar it grutte geweld. Mar sadree't wy ús rotsoai dumpt ha, is it ferhaal fansels noch lang net út en neffens my binne in soad minsken har hjir net bewust fan.
'Fuort is fuort', tinke sokken, mar sa is it net. Want alles dat wy fuortsmite, moat ferwurke of recycle wurde. As it yn in grize kontener of yn sa'n grutte bak by de dwinger sit, dan skipest immen dy't der neat mei nedich hat, net mei dyn troep op. Mar ast dyn lege flessen of blikjes yn it lân fan in boer smytst of dyn komplete jiskebult samar earne dumpst, dan hast neat opromme mar in probleem ferpleatst dêr't in oar him mei rêde mei.
Yn sa'n gefal bist behoarlik asosjaal, sjoen nei de reaksjes ûnder sokke berjochten. De foto fan de yllegale stoart by de Sânemar is ek net de iennige want der wurde op folle mear plakken rotsoai dumpt. Krekt as plestik mofkes, mûlkapkes, papieren bûsdoekjes en skjinmakdoekjes. En sjoen nei alle rotsoai, kinst gerêst stelle dat der ek noch in hiele soad asosjale minsken binne."