Kij meie it lân yn sûnder fergunning, mar LTO wol ek fergunningsfrij dongje

17 apr 2020 - 08:29

Kij meie fergunningsfrij it lân yn, dat hawwe de provinsjes bekendmakke. Boeren en dus ek lânbou-organisaasje LTO Noord kinne nei hast in jier wer efkes sykhelje. Allinnich oer it dongje sûnder fergunning is noch gjin beslút fallen.

Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Trienke Elshof fan LTO Noord is bliid mei it beslút. "It wie ek wol absurd, mar der lei wol in útspraak fan de rjochter dat it beweidzjen en bedongje net fergunningsfrij mocht." Dêr wie mar rekken mei te hâlden.

Elshof: "As kij op stâl bliuwe is de emisje net leger as dat sy bûten steane, dus neffens ús is dat gjin oanlieding foar in nije fergunning. No is yn IPO-ferbân besletten dat it fergunningsfrij kin, dus alle provinsjes dogge it op dizze wize en aldergeloks komme der gjin ferskillen tusken provinsjes." De provinsje Drinte mocht it nijs bekendmeitsje, út namme fan it Interprovinciaal Overleg (IPO).

Bedongje

De LTO-foaroanfrou wol noch wol graach dat ek it dongje fergunningsfrij kin. "In boer moat dongje, dat heart by it berop," fynt Elshof. Dêr moat lykwols noch wol in ynvintarisaasje foar dien wurde. "De provinsjes leverje gegevens oan it ministearje oer it gebrûk fan lân. Dat kin noch wol in skoft duorje."

Stipe

In pear dagen lyn waard bekend dat in diel fan de lânbousektor rekkenje kin op 650 miljoen euro stipe. Dêr is Elshof wiis mei: "It giet om minsklik leed, guon bedriuwen sitte al yn grutte problemen, lykas de sierteelt en de jierpels. De molkpriis is noch stabyl, mar de ferwachting is wol dat dy noch omleech giet. Der binne melkfeehâlders dy't it omleech gean mei 3-4-5 sint net hawwe kinne. Dêrom soene wy ek graach stipe fan Europa krije."

Trienke Elshof fan LTO Noord

Trefwurden: 
LTO Noord dongje beweidzjen
(advertinsje)
(advertinsje)