De autobrânsj stiet stil: gjin skea, gjin ferkeap en gjin ferhier fan trou-auto's

17 apr 2020 - 07:34

Ek de autobrânsj hat it dreech op it stuit. Benammen de ferkeap fan auto's, regulier en de eksport, leit stil. Yn de wurkpleats wurdt der noch wol wurke, want minsken bringe de auto noch wol foar in beurt, de APK of fanwegen slitaazje. Mar omdat de auto minder brûkt wurdt is der ek minder skea troch ûngemakken, en sels trou-auto's wurde minder hierd om't houliken útsteld wurde.

Date Boekema, garaazjehâlder yn Oerterp - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Dat is ek it byld dat Date Boekema fan Oerterp sketst fan de situaasje by syn bedriuw. Boekema runt in garaazje en wurkpleats en hat trije minsken yn tsjinst. "De grutste klappen falle yn de ferkeap en de eksport", fertelt er. It bedriuw is de omset fan de ferkeap fan auto's yntusken kwytrekke en dat is ûngefear de helte fan de totale omset. "Minsken doare eins net mear op in paad foar in oare auto. Se witte net hoe't it mei harren baan komt en se potsje harren jild op."

"Doe't útkaam dat der corona kaam, hiene we it de earste twa wiken hiel drok en wurken we jûns oer. Minsken tochten: dy auto moat hinne foar't se aansen miskien ticht binne. Dat wie in spannende tiid, mar gelokkich binne we iepen bleaun. En no sjochst dat it wer normaal drok is yn de wurkpleats. Mar de ferkeap fan auto's leit stil."

Eksport

De eksport leit hielendal stil omdat hannelers út bygelyks Poalen en Wyt-Ruslân de grins net mear oerkomme. Dy komme guontiden yn groepen fan fiif om auto's op te keapjen. Boekema: Ek de ferhier fan trou-auto's leit op dit stuit stil. Letter yn it jier stiet de aginda dan wer fol. "Der stean no 55 yn de aginda foar dit jier. Dat is allegear opskood en it is mar ôfwachtsje oft dat trochgiet. Mar ik bin bliid dat it ferskood wurdt. Dan is it dan mar wat drokker as no."

Temjittekomming

De temjittekomming fan de oerheid is neffens Boekema net fuort genôch en it omsetferlies wurdt der net mei goedmakke. Boekema: "Ik kin in buffer krije foar it lean fan de jonges, mar mei myn omset moat ik aansen oantoane oft ik rjocht hie op it jild. Mar dêr ha ik sels neat oan. Ik kin myn belesting útstelle foar trije moanne, mar oer trije moanne moat ik it dochs betelje."

Boekema besiket wol ynventyf te wêzen troch ekstra service oan klanten te bieden en safolle as mooglik te gearwurkjen mei ûndernimmers út it doarp. Ek hy hat gjin idee hoe't komt yn de takomst, en bliuwt hoopjen op in goeie ôfrin.

Beharkje hjir wat garaazjehâlder Date Boekema merkt fan de coronakrisis

(advertinsje)
(advertinsje)