Grien ljocht foar bou nije swimbad Bûtenpost

17 apr 2020 - 06:59

De gemeenteried fan Achtkarspelen is tongersdei akkoart gien mei in ekstra kredyt fan 1,2 miljoen euro foar in nij swimbad yn Bûtenpost. Begjin maart waard dúdlik dat de kosten foar de bou fan it swimbad flink heger útfoelen as begrutte. De ried soe der noch oer te set oft it jild werklik frijmakke wurde soe. Dêrneist is it bestimmingsplan dat de bou fan it swimbad mooglik makket, fêststeld.

Foto: Gemeente Achtkarspelenswimbad bûtenpost de kûpe

"Ik bin der wiis mei dat we koers hâlden ha en dat we ynkoarten úteinsette kinne mei de bou fan in kwalitatyf en duorsum swimbad", seit wethâlder Jouke Spoelstra.

It nij te bouwen seisbaans 25-meterbad wurdt folslein enerzjyneutraal, krijt in beweechbere boaiem en in klapwand. Der komme sinnepanielen op it dak en in systeem om de waarmte út dûswetter werom te winnen.

It nije swimbad komt op it plak fan it parkearterrein fan it hjoeddeistige swimbad. No't it ekstra jild tasein is, sil de Friso Bouwgroep sa gau as mooglik begjinne mei de bou. It bad moat yn de twadde helte fan 2021 de doarren iepenje. Oant dy tiid bliuwt, sadree't de coronamaatregels dat wer talitte, it hjoeddeistige swimbad iepen

(advertinsje)
(advertinsje)